contact zoeken wedstrijden

JONG FEINTE 2010; derde omloop

De earste finalist is bekend! St Anne mei Sjoerd de Jong, Pieter Jan Plat en Jeroen Westra winne mei 5-3:6-4 fan Boalsert mei Peter van Zuiden, Peter Nieuwenhuis en Thomas van Zuiden.

Oant 3-3 hâlde de partoeren har yn lywicht. Der wurdt goed en konsintrearre keatst en de mannen binne oan elkoar weage. Op 6-0 kin St. Anne de keats net foarby, 4-3. EK it fiifde earst is foar St Anne as Boalsert der wer net yn slacht om de keats foarby te slaan. Sjoerd de Jong slacht foar best op en docht dat twa kear goed. In stibal en in bal werom yn it perk, 4-0. Thomas slacht boppe en makket 4-2. De 1e keats is foar St Anne, Sjoerd foarby. De 2e keats foar Boalsert, Pieter net foarby. Mar op 6-4 slacht Thomas, die it partoer fan Boalsert goed meinaam, de bal krekt bûten. Tsjummearum wint oertsjûgend fan Dronryp mei Marten vd Leest, Jan Dominucs vd Wal en Johan Diertens. Nei twa kear in 3e priis (2008, 2009) no der of foar de prizen. Makkum 2 wint fan Harns. Rienk Veltman, Hendrik Jan vd Velde en Steven van Gorssel winne mei 5-4:6-0 fan de jonge seunen Steven Breimer, Dylan Drent en Sven Helvrich. Kompliminten faor Harns die hjoed foartreflik stienen te keatsen. Makkum no yn heale finale tsjin Tsjummearum. Utslach 4) Tsjummearum - 6) Dronryp 5-2:6-2 12) Makkum 2 - 15) Harns 5-4:6-0 17) St. Anne - 21) Boalsert 5-3:6-4

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers