contact zoeken wedstrijden

JONG FEINTE 2010; tweede omloop

Yntusken binne we nei ien fjild ta gien, it prachtig oanklaaide haadfjild. De orgnaisaaje, de kloft frijwilligers soargje der tegearre mei Durk Wierstra en Rients Braaksma foar dat it foartreflik en flot ferrint.

Easterlittens wûn knap de 1e omloop, mar kaam tekoart tsjin Tsjummearum. Mar leafst 1-5:6-6. Easterlittens hie wol in lichte handikap, want Grietzen Broersma, oars de foarynse wie blesearre en waard ferfongen troch Ruben Bonhof die it wol goed die as balkearder. Dronryp stie 1-4:6-6 efter tsjin Wommels doe hja op 2-4 kamen nei in weromslach yn it perk. Se pakke dernei ek 2 earsten (6-6, 6-0) en komme gelyk, 4-4. Dronryp pakt ek de 5-4 en op 6-0 slacht Redmer de keats net foarby. Easterein 1 hie in moai lot sa waard der sein, mar se ferlearen fan Makkum 2. Op 2-5:2-6 koe it oer wêze, mar Hendrik Jan hie de bal te lang yn de hannen by it kearen, 3-5. Easterein hellet sels de 5-5, mar op 5-5:4-4 slacht Jelte Pieter earst foar en dernei bûten. St Anne tsjin Wjelsryp wie in toppartij. Wjelsryp hie miskien foaral ferbaal har krût fersketten tsjin Wjeslryp 2, want it foel wat stil. St Anne keatst degelik nei de oerwinning. Jelmer weage op 5-4:6-4 in djippe bal, mar dizze foel kwea. Boalsert wie de earste omloop frij om’t Weidum juster ôfmeldt wie. Tsjin Wjelsryp 3 wie it noch dreech genôch. Foaral Jurjen Pieter luts it partoer en sloech prima op. Se ferlieze op 5-3:6-2 as de keats net foarby slein wurdt. Utslach 1) Easterlittens - 4) Tsjummearum 1-5:6-6 6) Dronryp - 7) Wommels 5-4:6-0 10) Easterein 1 - 12) Makkum 2 5-5:4-6 13) Seisbierrum - 15) Harns 1-5:6-6 17) St. Anne - 20) Wjelsryp 1 5-4:6-4 21) Boalsert - 24) St. Jacob 5-3:6-2

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers