contact zoeken wedstrijden

JONG FEINTE 2010; eerste omloop

In moaie start fan de Jong-Feinte dei yn Easterein. Prachtich waar en moai wat folk op it fjild. Prima omstannichheden foar in in moaie keatsdei.

Daliks al in pear spannende partijen. Easterlittens wint it fan Anjum, mar stie wol 3-5 efter. Op 4-5:4-2 slacht Feiko twa sitballen en is it 5-5. Anjum komt dan wer 0-4 foar, mar nei boppeslaggen fan Simon en Feiko steit it 4-4. Dan slacht Sip Jaap de bal foar en nei in boppeslach fan Simon is de winst binnen. Makkum tsjin Tsjummearum wie in moaie partij, sawol it keatsen as ferbaal. De earsten 6 earsten wurde om en om ferdield. Op 3-3:6-6 slach Arnold in sitbal en komt Tsjummearum op 3-4. As Hans op 6-2 de bal net reitsje kin nei de opslach fan Daniel is it 4-4. Lennart slacht op in skjin earst foar Tsjummearum de keats net foarby, 4-5. Op 4-6 slacht Daniel de bal bûten en is de winner fan 2007, Makkum der of. Easterein 2 komt 1-2 foar tsjin Wommels, mar Wommels komt op slach en wint mei 5-2. Harns en Ternaard meitsje der ek in moaie partij fan en Harns wint it ferrassend nei in boppeslach op 5-3:6-2. Meast lûde partij gie fansels tusken Wjelsryp 2 en Wjeslryp 1. De mannen makken aardich sfear en Wjeslryp 1 wint nei in djippe sitbal fan Jelmer. Utslach 1) Easterlittens - 2) Anjum 5-5:6-4 3) Makkum - 4) Tsjummearum 4-5:4-6 5) Goaiïngea - 6) Dronryp 1-5:4-6 7) Wommels - 8) Easterein 2 5-2:6-2 9) Bitgum - 10) Easterein 1 1-5:4-6 11) Itens - 12) Makkum 2 1-5:2-6 13) Seisbierrum - 14) Deinum 5-1:6-0 15) Harns - 16) Ternaard 5-3:6-2 17) St. Anne - 18) Wynaam 5-1:6-2 19) Wjelsryp 2 - 20) Wjelsryp 1 1-5:4-6 21) Boalsert - 22) Weidum 5-0:6-0 23) Wjelsryp 3 - 24) St. Jacob 5-2:6-6

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers