contact zoeken wedstrijden

Hoedjeparade Damwâld

Op sneon 14 augustus organisearret de keatsferieniging Nut en Nocht út Damwâld har twajierlikse haadklassekeatspartij foar hearen frije formaasje.

De wedstriid begjint om 12.00 oere. Sa as jim de lêste jierren fan ús wend binne, is der neist it keatsen noch fan alles te dwaan. Ien fan dizze saneamde "side events" hat te krijen mei ús tema "klasse op je hoofd". It soe moai wêze as besikers hjir in bydrage oan leverje wolle. We soenen it tige op priis stelle as taskôgers (jong en âld) in hoed as in pet op sette wolle. En as se der noch wat ekstra's oan dogge, dan leit der miskien op it ein fan de dei ek noch in pryske klear. Fansels ha we ek omtinken foar de jeugd. Sa ha we foar harren û.o. de keatsmuorre reservearre. Under deskundige begelieding kinne se yn de kunde komme mei dizze keatsfoarm. Mar dit is noch lang net alles. As jim nijsgjirrich wurden binne, dan noegje we jim fan herte út om op 14 augustus nei Damwâld te kommen. Ien ding is wis. It wurdt gesellich, want ..................................... wy binne der ek!

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers