hoofdsponsor:
subsponsors:
Home
Nieuws
Jaaroverzicht 2007
Jaaroverzicht 2008
Jaaroverzicht 2009
Jaaroverzicht 2010
Jaaroverzicht 2011
Interviews 2008
Interviews en films 2009
Interviews en films 2010
Interviews en films 2011
Speciale wedstrijden
Berichten Nederlandse kampioenschappen
Bondsnieuws
Verenigingsnieuws
Keatssite Column
Wedstrijd verslagen
Uitslagen federaties
Speciale wedstrijden
Interviews
» Home » Home » Nieuws
De Keatssite Column (2010-08), Winne en ferlieze
Uitgegeven: 21 Juni 2010 12:00

It is 25 juny 1994, yn Tsjom wurdt de Bûnswedstriid foar de froulju ferkeatst.
Der steane 45 partoeren op ‘e list. Akkrum, mei Petra Bos, Richtsje Jonkman en Afke Hijlkema, ferliest yn de tredde omloop fan Huzum. It is de earste kear dat Afke meidocht op in Frouljus Bûnspartij. Yn de jierren dy’t folgje komt it
Akkrumer partoer meastal sûnder priis thús, mar twa kear gripe se nei de heechste eare. Wat in ûntlading! Mar, wêr’t winners binne, binne ek ferliezers. It leit betiden hiel ticht by elkoar.

Doe’t wy sneontemoarn ûnderweis wienen nei Holwert foar de wichtichste ôfdielingspartij fan it seizoen, seagen wy op ferskate plakken in flage hingjen mei in skoaltas der oan. Winners! Slagge! It diploma is helle.
Dochs binne der ek yn dizze dissipline ferliezers, krekt dat heale puntsje te min behelle om te slagjen. Miskien krije se ynkoarten noch in twadde kâns, mar oars sit der neat oars op om it yn it nije skoaljier mar wer te besykjen.

Der steane hjoed yn Holwert 24 partoeren op ‘e list. Dat is wol in hiel grut ferskil, ferlike mei 1994. In ferlies fan omtrint 50 prosint.
Wêr binne se bleaun, de partoeren fan bygelyks Minnertsgea, Huzum, Harns, Snits, Seisbierrum, en Wommels? Wolle de keatssters harren doarp of stêd net mear fertsjintwurdigje op sa’n kampioenskip? Of doare se it net oan, is de stap te grut? Neffens my leit dêr in wichtige taak foar de ôfdielingsbestjoeren. As it slagget om in partoer te formearjen, is dy earste stap al winst.

Fansels sil it net daliks in priis opsmite mar it is wol de kâns om je as ôfdieling sjen te litten.
Wat is it dochs prachtich as je oan de ein fan in lange keatsdei mei de krâns om nei hûs ta geane, elkenien is út ‘e skroeven en thús wurdt der noch lang neipraat oer dy fantastyske prestaasje. En terjochte, sa heart it.

By it beöefenjen fan sport – lit ik my mar beheine ta it keatsen - komt ek it mentale aspekt hieltyd mear oan ‘e oarder. Hoe goed kin in keats(st)er mei spanning omgean? Kin hy of sy ek ûnder druk in oansprekkende prestaasje delsette?
Hoe is it mei it selsfertrouwen? Kin in coach de noazen wer deselde kant útkrije nei in pynlik ferlies? It is in wêzenlik ûnderdiel fan sport dat in soad omtinken freget.
It is eins it libben sels…

Sneon 19 juny 2010. Op Afke har santjinde Bûnspartij ferliest se mei har suster Janny en Richtsje Zijlstra yn de earste omloop mei 5-5 en 6-4 fan Ljouwert. De ‘trochsetters’ fan Ie dogge harren namme eare oan. Sy winne hjoed dizze wichtige partij; wêr’t ferliezers binne, binne ek winners.

Agatha Hijlkema
terug
Bondsnieuws
NOC*NSF en Olympisch Stadion lanceren lespakket ‘London 2012’
De Olympische Spelen onder de aandacht in het basis-onderwijs

Lees verder

Overig Bondsnieuws
Aanmeldingen start 2e cursus kaatstrainer
Dinsdag 3 april algemene vergadering
Parturen heren 2012
Sportgala Fryslân zet vrijwilliger ook in het zonnetje
1000-ste Facebook volger voor KNKB-account
KNKB-trainingsseizoen gestart
Compleet overzicht
© 2007 KNKBInloggenContactSitemapColofonDisclaimer