contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ kaatsen op woensdag 26 mei 2010

De 55-plussers keatsen yn Snits yn stee fan Ljouwert.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Piet Keizer, Rein Bonnema en Joost Schaap. It fjild fan Sonnenborgh wie noch net yn oarder, mar de keatsferiening fan Snits ferklearre har ree om de 55plussers no op it keatsfjild op Sportpark Schuttersveld te ûntfangen. Se hienen it krekt as altyd yn septimber, goed foar mekoar. Acht perken op 2 fjilden en De Friesland Bank as stiper fan poerbêste fleisprizen. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 48 keatsers fan de 72 op de list. Der wie gjin sinne en mar 10 graden, mar lokkich droech. De partoeren 67 en 68 wienen dienen om 15.40 oere. Op de stân 5-5 (4-6) moast Jolly Dooper fan partoer 67 opslaan en hy hie in djippe bal efteryn yn betinken, mar dat gong te mâl, sadat de bal in ein bûten gong. It wetter fan de dûs wie súver kâld, sadat allinnich de wiere bikkels it oandoarden. Piet Bosgraaf rikte om 16.10 oere de byf út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. It doel is, dat oer twa wike op 9 juny, de 55-plussers wer op Sonnenborgh yn Ljouwert keatse kinne. A-klasse: 1e. Piet Keizer, Sint Anne. 2e. Jan Feenstra, Winsum. 3e. Andries Gillebaard, It Hearrenfean. B-klasse: 1e. Joost Schaap, Tirns. 2e. Auke Althof, Doanjum. C-klasse: 1e. Rein Bonnema, Snits. 2e. Hilbrand Schuurmans, Boalsert. 3e. Theo Smit, Frjenstjer.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers