contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ kaatsen op 12 mei 2010

De 55-plussers hienen in wiete en kalde start fan it simmerskoft in Hijum.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Johan van der Veen, Guus de Vries, Johan Sikkema, Henk Vuijk, Jan Boorsma en Marten Bergsma. Omdat it fjild fan Sonnenborgh noch net yn oarder wie en de keatsferiening fan Hijum de 55plussers graach in kear hawwe woe, kaam dat no moai út. Der wienen foar tsienen al 60 keatsers, mar it sin wie net grut, want it reinde en mar 6 graden (!). In oantal gong al werom nei hûs, ûnder oaren trije manlju nei Apeldoorn (!), sadat de kommisje tsjin alven de minsken mar frege, wa noch wol keatse wûnen. Der bleauen 26 winterhurde echte bikkels oer en dy hawwe keatst yn twa klassen, 4 partoer yn de A-klasse en 5 yn de B-klasse mei fêste maten. Nei trije kear koe men sjen wa de bêsten wienen. De Hijummers (en Hijummerynnen) hienen it goed foar mekoar. Op it kuorbalfjild hie de keatsferiening 8 perken lein, mar no hienen de keatsers mar 4 perken nedich en der wienen no ek genôch gehaktballen en sop. Oan it waar koenen sy ek neat feroarje. Yn de A-klasse hienen de partoeren fan Siete Wassenaar en Johan Sikkema twa kear wûn en moasten yn de tredde partij útmeitsje wa mei de krâns nei hûs ta mocht. It toppartuur fan Siete hie hieltyd in foarsprong oan’t 5-3, mar de “underdog” kaam werom en op 5-5 (6-6) moast de beslissing falle. Henk Porte stie oan de opslach en hy hie in platte bal yn betinken, mar de bal wie wol in meter foar. De klok stie doe op 15.00 oere. Dernei koe Piet Bosgraaf de dikke rollades útrikke oan de earste en twadde priiswinners. It doel is, dat oer twa wike op 26 maaie, de 55-plussers wer op Sonnenborgh yn Ljouwert keatsen geane, mar it is de fraach, as it fjild dan wol yn oarder is. De meidielings deroer moat men mar yn de gaten hâlde. Ek op www.kaatsen55plus.nl A-klasse: 1e. Johan Sikkema fan Emmeloord, Johan van der Veen fan Oentsjerk en Henk Vuijk fan Burdaard. 2e. Siete Wassenaar fan Minnertsgea, Oege Dijkstra fan Hijum en Henk Porte fan Ljouwert. B-klasse: 1e. Jan Boorsma fan Menaam, Marten Bergsma fan Reduzum en Guus de Vries fan Ljouwert. 2e. Sjirk Overal fan Oldebroek, Piet Bosgraaf fan Drachten en Rein Seerden fan Snits.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers