contact zoeken wedstrijden

Prognose komend seizoen door Pieter Tienstra

In de WIS IN van mei staat het interview met Pieter Tienstra waarin hij zijn prognose geeft voor de heren hoofdklasse voor het komende seizoen.

TC-lid Gjalt Stekenes geeft in de WIS IN van mei zijn prognose over de dames categorie.

De prognose van Pieter Tienstra

Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma, Alle Jan Anema „Martijn hat him twa jier lyn hiel snel yn ’e partoeren keatst. It foarige jier wie minder, doe’t hy in protte lêst fan blessueres hie. Dat jildt ek foar Alle Jan, dy’t ik in poerbêste keatser fyn. Sy moatte dit jier sjen litte dat sy konstant binne. Hylke Bruinsma is in goeie foarynse. Hy is de stabile faktor yn dit partoer. Ik fyn dat hy him goed ûntwikkele hat.” Jan Dirk de Groot, Karel Nijman, Pier Piersma „It soe samar kinne dat sy dit jier oansluting fine by de top. Pier en Karel hawwe oan it ein fan it foariche seizoen noch in pear pryskes pakt mei Jochum Bouma. Dit kinne sy mei Jan Dirk trochsette. Ik tink dat sy mei Hotze Rusticus ek in goeie trainer/coach oansteld hawwe. Jan Dirk liket miskien net serieus, mar dat is hy wol. Ik tink dat Hotze Jan Dirk goed motivearje kin.” Gert-Anne van der Bos, Folkert van der Wei, Daniël Iseger „Yn myn eagen is dit it te kloppen partoer. Ik tink dat sy it foarige seizoen in ferfolch jaan kinne. Folkert en Daniël hawwe in protte ûnderfining. Sy kinne ‘het klappen van de zweep’. Gert-Anne hat foarich jier sjen litten dat hy konstant wêze kin en hy kin noch groeie. Boppedat hat hy yn Folkert en Daniël twa maten dy’t him steune kinne.” Johan van der Meulen, Jacob Wassenaar, Marten Feenstra „Johan is al in pear jier oan it kwakkeljen. Hy moat wurkje oan syn selsfertrouwen, sadat hy wer konstant wurde kin. Alles falt of stiet mei him. Ik fyn Marten ien fan de bêste achterynsen. Op ’e earste partijen fan it foarige seizoen stie hy poerbêst te keatsen. Dit partoer hat de potinsje om it Van der Bos c.s. hiel dreech te meitsjen. Ik ferwachtsje dan ek in protte fan dizze jonges.” Rutmer van der Meer, Renze Hiemstra, Taeke Triemstra „Ik bin skeptysk oer dizze formaasje. Harren kwaliteiten steane ‘buiten kijf’. Ik freegje my lykwols wol ôf 't sy konstant wêze kinne en at de echte klik der is. Teake hat foarich jier fansels in grut part fan’e tarieding mist. Dêrtroch koe hy net yn syn ritme komme, wat yn it keatsen tige wichtich is. Renze Hiemstra hat neffens my seker de kwaliteiten foar de haadklasse. Hy is wol oan’e lytse kant. Dat is yn myn eagen in neidiel.” Hendrik Tolsma, Herman Sprik, Johannes Boersma „Ik bin benijd at Herman en Johannes it goed mei elkoar fine kinne. Sy hawwe in hiele oare manier fan libjen. Ik ha myn twivels of't dat klikt. Nei de blessuere fan Cornelis Terpstra, wêr’t hy it goed mei fine koe, hat Herman de folgjende stap net sette kinnen. Hy hat wol de kwaliteiten. Miskien komt it der dit jier wol út. Hendrik en Johannes hawwe foarich jier sjen litten dat sy it nivo oankinne.” Lees het hele interview van Pieter Tienstra en de prognose van de damescategorie door TC-lid Gjalt Stekenes in de WIS IN van mei.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers