contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ kaatsen op 27 januari 2010

Ferline woansdei 27 jannewaris hawwe de 55plussers wer keatst yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Lieuwe Meijer, Dirk Wiglema, Albert Dijkstra en Oeltsje Velstra. Om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers fan de 108 op de list. Fanwegen de minne waarberjochten, wiete snie/reinwetter op noch froastige dyken, liet Foppe de Vries de 2e en 3e partijen mei earsten gelyk begjinne. De partoeren 107 en 108 wienen dien om 16.05 oere. Op de stân 4-5 (0-6) moast Freek Kuipers fan partoer 108 opslaan, mei in keats fan 17 meter, mar de efterynse fan partoer 107, Martinus van der Meer, hie in knapper. Piet Bosgraaf rikte om 16.30 oere de prizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Dizze kear krigen se ierpels, sipels en woartels, foar in part oanbean troch Hans Hilarides. Oer trije wike op 17 febrewaris 2010 geane de 55-plussers wer te keatsen yn de Trije. N.B.: De partij fan 10 febrewaris is fersetten nei 17 febrewaris! A-klasse: 1e. Oeltsje Velstra, Idaard. 2e. Wim Bosklopper, Goutum. 3e. Siete Wassenaar, Minnertsgea. 4e. Frans Postmus, Hitsum. B-klasse: 1e. Lieuwe Meijer, Minnertsgea. 2e. Monte Hallema, Frjenstjer. 3e. Klaas van Dijk, Harich. C-klasse: 1e. Dirk Wiglema, De Jouwer. 2e. Henk de Vries, Drylts. D-klasse: 1e. Albert Dijkstra, Harns. 2e. Hans Homminga, De Jouwer. 3e. Rein Seerden, Snits. 4e. Albert Dijkstra, Gytsjerk.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers