hoofdsponsor:
subsponsors:
Home
Nieuws
Jaaroverzicht 2007
Jaaroverzicht 2008
Jaaroverzicht 2009
Jaaroverzicht 2010
Jaaroverzicht 2011
Interviews 2008
Interviews en films 2009
Interviews en films 2010
Interviews en films 2011
Speciale wedstrijden
Berichten Nederlandse kampioenschappen
Bondsnieuws
Verenigingsnieuws
Keatssite Column
Wedstrijd verslagen
Uitslagen federaties
Speciale wedstrijden
Interviews
» Home » Home » Nieuws
Uitslag 55+ wedstrijd op 4 november 2009
Uitgegeven: 06 November 2009 14:30

Ferline woansdei 4 novimber binne de 55plussers wer oan it keatsen west yn de Trije yn Frjenstjer.
De priiswinners mei de krâns, flnr.: Tjerk Jorritsma, Albert Dijkstra, Johan van der Veen en Hein Nijdam.

Om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers fan de 114 op de list. Nei in tige slagge heupoperaasje, wie de wedstrydlieding wer yn de fertroude hânnen fan Foppe de Vries.

De lęste partij moast eltsenien mei earsten gelyk begjinne, sadat se op ‘e tiid dien węze koenen. De partoeren 111 en 112 wienen dien om 16.20 oere. Op de stân 5-5 (6-6) moast Harry de Boer fan partoer 112 opslaan mei in lytse keats, mar Jurjen Tiesnitch, de foarynse fan partoer 111 koe de bal net goed reitsje en dertroch rűn syn maat Ale Mosselman de priis mis.

Piet Bosgraaf rikte om 16.45 oere de fleisprizen út oan űndersteande keatsers, dy trije kear wűn hienen.

Oer fjirtjin dagen (18 novimber) geane de 55-plussers wer te keatsen yn de Trije.

It 55+ keatsen bestiet dit jier 15 jier en derom is der op 16 desimber 2009 in spesiale keatsdei. It begjint dan om 9.00 oere. De frjoulju kinne blomskikke. De jűns stamppot-boerekoal mei woarst en dernei komme Griet Wiersma en Teake van der Meer (fan 19.00 oan’t 21.00 oere).

A-klasse:

1e. Johan van der Veen, Oentsjerk. 2e. Oeds Broersma, Wytmarsum. 3e. Frans Postmus, Hitsum. 4e. Gerrit de Jong, Ysbrechtum.

B-klasse:

1e. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. 2e. Monte Hallema, Frjenstjer. 3e. Jan de Bruin, Harns. 4e. Jan Beimers, Dronryp.

C-klasse:

1e. Albert Dijkstra, Harns. 2e. Sjirk Overal.

D-klasse:

1e. Hein Nijdam, Frjenstjer. 2e. Peet Overberg, Ljouwert.

terug
Bondsnieuws
NOC*NSF en Olympisch Stadion lanceren lespakket ‘London 2012’
De Olympische Spelen onder de aandacht in het basis-onderwijs

Lees verder

Overig Bondsnieuws
Aanmeldingen start 2e cursus kaatstrainer
Dinsdag 3 april algemene vergadering
Parturen heren 2012
Sportgala Fryslân zet vrijwilliger ook in het zonnetje
1000-ste Facebook volger voor KNKB-account
KNKB-trainingsseizoen gestart
Compleet overzicht
© 2007 KNKBInloggenContactSitemapColofonDisclaimer