contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ kaatsen in de Trije

Ferline woansdei 7 oktober binne de 55plussers starten mei it winterskoft yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Johannes Algra, Anne van der Werf, Tjerk Jorritsma en Frans Postmus. Om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers fan de 102 op de list. Eltse keatser moat trije kear keatse, mei hieltyd oare maten en om bar in earst opslaan. De lotting is dertroch wat komplekser, mar de kompjoeter makket it Minne Soepboer in stik makkeliker. De wedstrydlieding wie wer yn de fertroude hânnen fan Foppe de Vries. Jammer genoch wie der in ûngemak. Frou Vormeer siet op de tribune en woe in bal pakke, mar stroffele en foel tsjin it hekwurk oan. By de holle wie wat bloed, mar se koe rinnende yn de sikenauto komme en meigean nei it MCL yn Ljouwert. Der die bliken, dat se de pols brutsen hie. Oankommende sneon wurdt se 80 jier! De partoeren 95 en 97 wienen dien om 16.30 oere. Op de stân 5-4 (6-2) moast Willem van de Meulen (op 1 novimber 85 jier!) fan partoer 97 opslaan. Albert Dijkstra (Gytsjerk) sloeg de bal boppe en dermei behelle Jan Bleeker fan partoer 95 de 3e priis. Foppe de Vries rikte om 16.45 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen en hy betanke Jolly Dooper, dat dy foar 9 fjilden reade en wyte blokjes makke hie, mei de nûmers 1 oan’t en mei 9. Hy past tige op it materiaal en der is de kommisje bjusterbaarlike wiis mei. Oer fjirtjin dagen (21 oktober) binne de 55-plussers wer te keatsen yn de Trije. Hjirby de datums fan it hiele winterskoft yn de Trije yn Frjenstjer: 7 en 21 oktober, 4 en 18 novimber, 2, 16 en 30 desimber, 13 en 27 jannewaris, 10 en 24 febrewaris, 10 en 24 maart en 14 april. A-klasse: 1e. Frans Postmus, Hitsum. 2e. Wiebe Visser, Ljouwert. 3e. Jan van der Linden, Amsterdam. B-klasse: 1e. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. 2e. Jan Beimers, Dronryp. 3e. Jouke Punter, Wommels. 4e. Anne Dijkstra, Ljouwert. C-klasse: 1e. Anne van der Werf, Snits. 2e. Jan de Ridder. 3e. Pieter Bouma, De Jouwer. D-klasse: 1e. Johannes Algra, Frjenstjer. 2e. Jan Hoekstra, Gytskerk. 3e. Jan Bleker, Snits.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers