contact zoeken wedstrijden

PC 2009: PC Kafee fan Omrop Fryslân

Omrop Fryslân iepenet it PC Kafee wer in tal kearen. De útstjoerings binne 4 dagen lang om de tradisjonele Frjentsjerter PC-keatspartij op woansdei 29 july hinne.

Mei keatsers, âld-keatsers, PC-leden, skiedsrjochters en oare leafhawwers. It PC Kafee, mei pittige petearen, hilaryske ferhalen, columns fan û.o. Bonne Stienstra en Rynk Bosma en de primeur fan in nij keatsliet troch Minke Adema. PC Kafee Omrop Fryslân Freed 24 july 18.00-19.00 oere Sneon 25 july 11.00-12.00 oere Snein 26 july 11.00-12.00 oere Tiisdei 28 july 18.00-19.00 oere Live muzyk: Lays – Presintaasje: Geert van Tuinen en Herman Vijlbrief jr. Harkje (FM 92.2) of kom en praat mei! De kofje stiet klear! Moandei 27 july ’09 is Omrop Fryslân Radio by de lotting fan ‘e PC. Dan komt it programma jûns tusken 18.00 en 19.00 oere út de Koornbeurs yn Frjentsjer wei. Klik hier voor alle berichten over de PC 2009

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers