PC 2009: PC Kafee fan Omrop Fryslân

Gepubliceerd op 25 juli 2009
PC 2009: PC Kafee fan Omrop Fryslân

Omrop Fryslân iepenet it PC Kafee wer in tal kearen. De útstjoerings binne 4 dagen lang om de tradisjonele Frjentsjerter PC-keatspartij op woansdei 29 july hinne.


Mei keatsers, âld-keatsers, PC-leden, skiedsrjochters en oare leafhawwers.

It PC Kafee, mei pittige petearen, hilaryske ferhalen, columns fan û.o. Bonne Stienstra en Rynk Bosma en de primeur fan in nij keatsliet troch Minke Adema.

PC Kafee Omrop Fryslân
Freed 24 july 18.00-19.00 oere
Sneon 25 july 11.00-12.00 oere
Snein 26 july 11.00-12.00 oere
Tiisdei 28 july 18.00-19.00 oere

Live muzyk: Lays – Presintaasje: Geert van Tuinen en Herman Vijlbrief jr.

Harkje (FM 92.2) of kom en praat mei! De kofje stiet klear!

Moandei 27 july ’09 is Omrop Fryslân Radio by de lotting fan ‘e PC. Dan komt it programma jûns tusken 18.00 en 19.00 oere út de Koornbeurs yn Frjentsjer wei.

Klik hier voor alle berichten over de PC 2009

« Terug