contact zoeken wedstrijden

Keatsferiening “Melle Veenstra” pakt út

Keatsferiening “Melle Veenstra” út Hilversum bestiet yn 2009 90 jier. Foto: Anne Oosterbaan: één van de oprichters van kaatsvereniging Melle Veenstra

Útnoeging foar “jubileum”-jûn op 16 jannewaris 2009 Sa´t jimme witte bestiet der yn Hilversum noch in keatsferiening ûnder de namme “Melle Veenstra”. Dizze keatsferiening is noch as ienichste oerbleaun yn de omkriten fan Utert, Hilversum, Bussum, Seist en Amersfoort. Wy fiere op dizze jûn yn 2009 ús 90 jierrich bestean. Wy besykje dizze feriening yn libben te hâlden en te promoaten yn de omkriten. Neist it keatsen yn Hilversum organisearje wy dit jier al wer foar de tsiende kear in “Jeu de boules-jûn” foar ús leden, stipers, freonen en bekenden. Op freedtejûn 16 jannewaris 2009 (19.30 oere), sil it wer heve. It liket ús tige noflik ta om alle âldleden fan ús feriening dy’t it keatsen in waarm hert ta drage en werfan wij it adres kwyt rekke binnen ek út te noegjen en te moetsjen op dizze jubileum jûn. Sa kinne jimme ûnder it genot fan in spultsje “Jeu de-boules", in drankje en in hapke, op ’e nij kennis meitsje mei ús 90-jierrige keatsferieniging. Wij sille op dizze resepsje ús jubileumboek presintearje oan it haadbestjoer fan de KNKB. Nei dizze presintaasje is der foar eltsenien in eksimplaar beskikber. Ûnder it genot fan in hapke en in drankje sille wij dernei de stielen ballen ketse litte en smoute tinzen de revu passearje litte Dizze jûn wurdt hâlden yn it Boulodrome (oerdekte waarme binnenbaan mei 10 banen) oan it Jagerspaadje 26 A, 1231 KJ Loosdrecht. Hawwe jimme sin om te kommen en ús te felisitearjen, skilje dan efkes fan tefoaren mei ús skriuwer Hendrik Visbeek tel: 0347-372607. Hy stjoert jo dan in paadwizer en set jo op de list fan dielnimmers. Eltsenien is fan herte wolkom. Oant sjen op freed 16 jannewaris 2009, út namme fan it bestjoer fan K.F. “Melle Veenstra” Hilversum. Nijsgjirrich? Besykje ek ris ús ynternetside http://www.geocities.com/melleveenstra (Bron: Henk Visbeek).

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers