hoofdsponsor:
subsponsors:
Home
Nieuws
Jaaroverzicht 2007
Jaaroverzicht 2008
Jaaroverzicht 2009
Jaaroverzicht 2010
Jaaroverzicht 2011
Interviews 2008
Interviews en films 2009
Interviews en films 2010
Interviews en films 2011
Speciale wedstrijden
Berichten Nederlandse kampioenschappen
Bondsnieuws
Verenigingsnieuws
Keatssite Column
Wedstrijd verslagen
Uitslagen federaties
Speciale wedstrijden
Interviews
» Home » Home » Nieuws
Film Keatshert op TV by Omrop Frylân
Uitgegeven: 19 December 2008 11:00

Op earste Krystdei is de film "Keatshert" te sjen bij Omrop Fryslân.
Op Earst Krystdei is by Omrop Fryslân fan 17.00 oere ôf Keatshert te sjen. Keatshert is in yntym filmportret wurden fan programmamakker Willem Wits oer keatsleginde Chris Wassenaar en syn maten, ûnderweis nei harren lêste grutte keatstoernoai dêr’t Chris ôfskied nimt fan syn passy en syn publyk.

Keatskening Chris Wassenaar, 'De grutte fan Minnertsgea', keatste dit jier syn lêste grutte PC keatspartij op it hillige gers fan Frjentsjer. De film folget yn ‘e wiken dêroan foarôfgeand it partuer fan Chris, syn broer Jacob Wassenaar en Rutmer van der Meer, sawol mei wedstriden as dêrbûten. Trochdat Chris en syn maten fan hiel tichteby yn byld brocht wurde, lit de film in yntym each gean oer harren belibbingswrâld.

De film is in koproduksje fan Selfmade Films en Omrop Fryslân en mei ta stân kommen mei stipe fan it Stimuleringsfonds Nederlandse Culturele Omroepproducties, Je Maintiendrai Fonds en Stichting Bildtse Belangen.

Omrop Fryslân TV, Keatshert, Earste Krystdei, 17.00-18.00 oere.

Credits
Senario en regy: Willem Wits
Kamera: Peter Brugman nsc
Lûd: Gertjan Miedema
Montaazje: Patrick Minks
Lûdsôfwurking: Paul Gies
Produksjelieding: Evelien Vehof
Utfierend produsint: Anja Cloosterman
Produsinten: Jan de Ruiter en Niek Koppen, Selfmade Films:

Keatshert gie snein 9 novimber ’08 yn premjêre op it Noordelijk Filmfestival yn Ljouwert.

Sjoch ek op: www.omropfryslan.nl

terug
Bondsnieuws
NOC*NSF en Olympisch Stadion lanceren lespakket ‘London 2012’
De Olympische Spelen onder de aandacht in het basis-onderwijs

Lees verder

Overig Bondsnieuws
Aanmeldingen start 2e cursus kaatstrainer
Dinsdag 3 april algemene vergadering
Parturen heren 2012
Sportgala Fryslân zet vrijwilliger ook in het zonnetje
1000-ste Facebook volger voor KNKB-account
KNKB-trainingsseizoen gestart
Compleet overzicht
© 2007 KNKBInloggenContactSitemapColofonDisclaimer