hoofdsponsor:
subsponsors:
Home
Nieuws
Jaaroverzicht 2007
Jaaroverzicht 2008
Jaaroverzicht 2009
Jaaroverzicht 2010
Jaaroverzicht 2011
Interviews 2008
Interviews en films 2009
Interviews en films 2010
Interviews en films 2011
Speciale wedstrijden
Berichten Nederlandse kampioenschappen
Bondsnieuws
Verenigingsnieuws
Keatssite Column
Wedstrijd verslagen
Uitslagen federaties
Speciale wedstrijden
Interviews
» Home » Home » Nieuws
Prijswinnaars 55+ op 17 december 2008
Uitgegeven: 18 December 2008 16:00

De 55+keatsers hawwe ferline woansdei 17 desimber it jiertiid 2008 ôfsletten mei stamppot boerekoal en woarst yn de Trije yn Frjenstjer.
De priiswinners mei de krâns, flnr.: Germ Koopmans, Anne van der Werf en Albert Dijkstra (Oeds de Roos ûntbrekt).

De 55+keatsers hawwe ferline woansdei 17 desimber it jiertiid 2008 ôfsletten mei stamppot boerekoal en woarst yn de Trije yn Frjenstjer.

Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de 120 op de list. Yn de tredde omloop begong eltse partij mei earsten gelyk.

De partoeren 119 en 120 wienen dien om 16.35 oere. Op de stân 5-4 (6-2) moast Cor Binsma fan partoer 120 opslaan en Lou Herrema fan partoer 119 sloeg de keats fan sawat 6 meter foarby, sadat partoer 119 wûn en hy en ien fan syn maten Heinz Palsma yn de prizen fûlen.
Lêstneamde man wie nei 44 jier Zwitserlân werom yn Fryslân te wenjen en hat sich no by de 55+ keatsers oansletten.

Sa’n 24 frjoulju hienen de moarns yn in seal fan de Trije in prachtich blomstik makke.

Om 17.15 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Dernei lieten de keatsers en meikommen froulju, harren de stamppot boerekoal mei woarst goed smeitsje.

Op 7 jannewaris 2009 keatse de 55-plussers op ‘e nei yn de Trije.

A-klasse:

1e. Oeds de Roos, Menaam. 2e. Ynze Stienstra, Baaium. 3e. Bouwe van der Veer, Winsum. 4e. Henk Bloemsma, IJsselmuiden. 5e. Wieger Boonstra, It Hearrenfean. 6e. Jan Feenstra, Winsum.

B-klasse:

1e. Germ Koopmans, Aldtsjerk. 2e. Johan van der Veen, Oentsjerk.

C-klasse:

1e. Anne van der Werf, Snits. 2e. Wiep Hasz, Dronryp. 3e. Bart Leemburg, Wolvegea. 4e. Koop Scholten, De Wylgen. 5e. Pieter Bouma, Joure.

D-klasse:

1e. Albert Dijkstra, Harns. 2e. Anne Baarda, Menaam. 3e. Roel Zijlstra, Menaam. 4e. Heinz Palsma, Seisbierrum. 5e. Louw Herrema, Slappeterp. 6e. Henk Postma, Marsum. 7e. Gerrit Voogd, Mullum.
terug
Bondsnieuws
NOC*NSF en Olympisch Stadion lanceren lespakket ‘London 2012’
De Olympische Spelen onder de aandacht in het basis-onderwijs

Lees verder

Overig Bondsnieuws
Aanmeldingen start 2e cursus kaatstrainer
Dinsdag 3 april algemene vergadering
Parturen heren 2012
Sportgala Fryslân zet vrijwilliger ook in het zonnetje
1000-ste Facebook volger voor KNKB-account
KNKB-trainingsseizoen gestart
Compleet overzicht
© 2007 KNKBInloggenContactSitemapColofonDisclaimer