Angela Boonstra hat 8 jier de 55plussers yn de kantine fan de Trije yn Frjenstjer fersjoen fan iten en drinken.
Angela Boonstra hat 8 jier de 55plussers yn de kantine fan de Trije yn Frjenstjer fersjoen fan iten en drinken. Sy die dat yn tsjinst fan “Gifts4Bizz” (gjin Frysk wurd) en wie der ek al administratyf wurksum. Dat giet se no foar trije dagen yn de wike dwaan. De oare tiid folt se yn mei har man en twa bern. Woansdei 19 novimber wie de dei om ôfskie te nimmen.
De manlju wienen tige wiis mei har en derom wienen se mar efkes mei de pet rűn west, sadat de foarsitter fan de 55+ kommisje, Piet Bosgraaf, har bűten de krânse ek noch in sloef jild oerlangje koe.
Har opfolgster, Yvonne Hoitsma, wie de hiele dei al yn tou west om itselde te dwaan wat Angela al sa lang dien hie. Yvonne wurdt ek in protte moaie woansdeien tawinske mei de keatsers 55+.
Op de iene foto stiet Angela mei de blaue eagen en Yvonne werkent men oan de brúne eagen. Op de oare foto hat Piet Bosgraaf Angela de krânse omhongen.
