Prijswinnaars 55+ op 19 november 2008

Gepubliceerd op 20 november 2008
Prijswinnaars 55+ op 19 november 2008

Ferline woansdei 19 novimber hawwe de 55plussers foar de fjirde kear dit winterskoft keatst yn de Trije yn Frjenstjer.

Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de 120 op de list. Op plak 82, 84, 86, 88 en 90 hie de kompjoeter deselde manlju delset as fan 92, 94, 96, 98 en 100 fan de D-klasse. Kees Sikkema wie behelpsum om op de plakken 82 oant en mei 90 manlju fan de A-klasse te setten, sadat dy ek trije kear keatse koenen.

Yn de tredde omloop begong eltse partij mei earsten gelyk. De partoeren 117 en 118 wienen dien om 16.45 oere. Partoer 118 hie in keats by de boppe en Klaas van Dijk moast opslaan en hie de bal yn. Hannes Oudendag sloeg wol út, mar net fier genoch, sadat Klaas de bal maklik keare koe en syn partoer wűn mei 4-5 (6-6).

Foardat Piet Bosgraaf om 17.00 oere de fleisprizen útrikte oan űndersteande keatsers, hat hy earst in krânse űmhongen om de skouders fan Angela Boonstra. Sy hie 8 jier soarge foar iten en drinken yn de kantine fan de Trije foar de 55plussers en der wie ek mei de pet rűn west, sadat se ek noch in bedrag krige fan Piet. Har opfolgster, Yvonne Hoitsma, hie de manlju dy dei al holpen. Om 17.10 koe eltsenien nei thús ta.

Oer fjirtjin dagen (3 desimber) keatse de 55-plussers op ‘e nei yn de Trije.

A-klasse:

1e. Kees Sikkema, Dronten. 2e. Siete Wassenaar, Minnertsgea. 3e. Piet Breuker, Ljouwert. 4e. Oeds de Roos, Menaam. 5e. Wiebe Visser, Ljouwert. 6e Piet Zijlstra, Menaam.

B-klasse:

1e. Reinder Koops, Emmen. 2e. Gerrit de Vries, Frjenstjer. 3e. Joop Wortman, Joure. 4e. Johan van der Veen, Gytsjerk. 5e. Sipke van der Zee, Tsjummearum. 6e. Jan Boorsma, Menaam.

C-klasse:

1e. Catrinus Helfrich, Grou. 2e. Bouke Jousma, Menaam. 3e. Anne van der Werf, Snits. 4e. Dik Wiglema, Joure.

D-klasse:

1e. Piet Overberg, Ljouwert. 2e. Anne de Haan, Ljouwert. 3e. Henk Steensma, Snits. 4e. Ype de Vries, Oentsjerk.

« Terug