Prijswinnaars 55+ op 5 november 2008

Gepubliceerd op 06 november 2008
Prijswinnaars 55+ op 5 november 2008

55 plussers keatsen yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Eddy Broersma, Henk Noordbruis, Douwe Jongsma, Germ Koopmans en Willem Tamminga.



Ferline woansdei 5 novimber hawwe de 55plussers foar de tredde kear dit winterskoft keatst yn de Trije yn Frjenstjer.

Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de 116 op de list. Yn fjouwer fan de fjirtich partoeren moasten de manlju tegearre keatse en yn de tredde omloop begong eltse partij mei earsten gelyk.

De partoeren 113 en 114 wienen dien om 16.30 oere. Op de stân 5-4 (6-2) sloeg Eddy Broersma fan partoer 114 boppe en stelde syn krânse feilich. Piet Bosgraaf rikte om 16.45 oere de fleisprizen út oan űndersteande keatsers en dernei winske hy eltsenien in wol thús ta.

Oer fjirtjin dagen (19 novimber) keatse de 55-plussers op ‘e nei yn de Trije.


A-klasse:

1e. Eddy Broersma, Ljouwert. 2e. Piet Stellingwerf, Harns. 3e. Ynze Stienstra, Baaium. 4e. Rienk de Groot, Ljouwert. 5e. Eddy van Lei, Ljouwert. 6e. Herman Steneker, Ljouwert. 7e. Luutzen Steegstra, Blije.

B-klasse:

1e. Henk Noordbruis, Marsum. 2e. Jan Boorsma, Menaam.

C-klasse:

1e. Willem Tamminga, Frjenstjer en Germ Koopmans, Aldtsjerk. 3e. Bouke Jousma, Menaam. 4e. Henk Bootsma, Nijeholtpea. 5e. Sybe van der Zee, Lelystad.

D-klasse:

1e. Douwe Jongsma, Brantgum. 2e. Theo Smit, Frjenstjer. 3e. Henk Steesma, Snits. 4e. Johannes Wierda, Hallum.

« Terug