contact zoeken wedstrijden

Priiswinners 55+ op 3 septimber yn Snits

Ferline woansdei 3 septimber wienen de 55-plussers te gast by de keatsferiening “Sneek”.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Lútzen Steegstra, Anne Sybesma, Anne Dijkstra en Pieter Bouma. Ferline woansdei 3 septimber wienen de 55-plussers te gast by de keatsferiening “Sneek”. Om 10.00 oere gong it oan, op it kuorbalfjild fan Sportcentrum Schuttersveld, mei de earste 48 keatsers fan de 84 op de list. De mannen Jan Bleeker, Rein Bonnema en Rein Seerden hienen it goed foar elkoar, mei stipe fan de 55+ kommisje en noch wat frijwillgers. Jammer dat it fjild wat op de romte leit, mei sok súterich waar. It waaide hurd en om 12.30 moasten se foar een dikke bui skûlje yn de kantine. Letter waar it spul ek wer sa no en dan stop lein fanwegen reinwetter en dan hienen hja noch gelok, dat in dikke tongerbui wol oer Snits gong, mar it keatsfjild frijwarre. En dan te betinken, dat yn Emmeloord net in drup reinwetter fallen is! De partoeren 81 en 82 wienen dien om 16.50 oere. Op de stân 5-5 (6-4) sloeg opslager Henk Bloemsma fan partoer 82 de bal bûten. Piet Bosgraaf koe dernei de rykelik fulde tassen mei libbensmiddels útrikke oan ûndersteande keatsers en om 17.25 oere winske hy eltsenien in wol thús ta. De meikommende froulju krigen noch in blomke. Nije wike woansdei (10 septimber) geane de 55-plussers wer op Sonnenborgh keatsen. A-klasse: 1e. Lútzen Steegstra, Blije. 2e. Jan Feenstra, Winsum. 3e. Oeds de Roos, Menaam. 4e. Ynze Stienstra, Baaium. 5e. Johan Sikkema, Emmeloord. B-klasse: 1e. Anne Dijkstra, Ljouwert. 2e. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. 3e. Lieuwe Meijer, Minnertsgea. 4e. Gerrit van der Plaats, Snits. C-klasse: 1e. Pieter Bouma, Joure. 2e. Jouke Bos, Akkrum. 3e. Schelte Poelstra, Hijum. 4e. Klaas Abma, Snits. 5e. Jan Wagenaar, Winsum. D-klasse: 1e. Anne Sybesma, Akkrum. 2e. Ype de Vries, Oentsjerk. 3e. Daan Stellingwerf, Minnertsgea. 4e. Sipke Wiersma, Sint Jabik. 5e. D. Jongsma, Brantgum.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers