contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ op 20 augustus 2008

Dizze kear wie de 55+ te gast by de keatsferiening Jelsum-Koarnjum foar de 12e Anne Bouma/Kees Smit partij.

De priiswinners mei de krâns efter de fuorfrou, flnr.: Ype de Vries, Lieuwe Boersma, Jolly Dooper en Anno Miedema. De kommisje fan de pleatselike keatsferiening mei stipe van de 55+ kommisje hie it wer tige goed foar inoar. Moarns wie der foar eltsenien oranjekoeke fan Sjerp Vormeer, dy 80 jier wurden wie en foar elke keatser in bon foar kofje en ien foar sop. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 48 keatsers fan de 90 op de list. Wat it waar oanbelanget hawwe se it tige troffen. Net in drup wetter en faak sinneskyn, wylst om 10.00 oere noch in dikke bui oer Ljouwert gong. De lêste slach foel by de partouren 87 en 88 op de stân 4-5 (4-6) om 16.10 oere. Dernei gongen de 1e priiswinners yn de koets troch de beide doarpen, prachtich toch! De prizen binne útrikt troch Rinze van der Veen oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Nije wike woansdei geane de 55-plussers wer nei Sonnenborgh ta. A-klasse: 1e. Anno Miedema, Steins. 2e. Oeds Broersma, Wytmarsum. 3e. Andries Gillebaard, It Hearrenfean. B-klasse: 1e. Lieuwe Boersma, Apeldoorn. 2e. Johannes Oudendag, Arum. 3e. Marten Bergsma, Reduzum. 4e. Germ Koopmans, Aldtsjerk. 5e. Tom Twerda, Putten. C-klasse: 1e. Jolly Dooper, Gytsjerk. 2e. Sjirk Overal, Oldebroek. D-klasse: 1e. Ype de Vries, Gytsjerk. 2e. Dirk de Vries, Hijum

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers