hoofdsponsor:
subsponsors:
Home
Nieuws
Jaaroverzicht 2007
Jaaroverzicht 2008
Jaaroverzicht 2009
Jaaroverzicht 2010
Jaaroverzicht 2011
Interviews 2008
Interviews en films 2009
Interviews en films 2010
Interviews en films 2011
Speciale wedstrijden
Berichten Nederlandse kampioenschappen
Bondsnieuws
Verenigingsnieuws
Keatssite Column
Wedstrijd verslagen
Uitslagen federaties
Speciale wedstrijden
Interviews
» Home » Home » Nieuws
Holwerd wint Jonge Feinte partij
Uitgegeven: 23 Juli 2008 17:00

Onder prachtige weersomstandigheden werd vandaag de Jonge Feinten partij verkaatst in Easterein. Holwerd was aan het eind van de dag het sterkste partuur.

Foto's: Henk Bootsma

klik hier voor verder verslag

Ferslach 2e omloop Jong-Feinte
De twadde omloop is krekt klear (14:35) en de earste priiswinners is bekend. Dronryp mei Marten vd Leest, Jelmer Hornstra en Johan Diertens steane op in 3e priis yn de heale finale. Hja winne fan Easterlittens mei 5-2:6-4 doe Feiko de bal foar sloech op in lytse keats.

Wytmarsum kaam de twadde omloop troch tsjin St Jacob. De partij waard efkes stil lein om't Jacob in bal hurd yn it each krige. Lokkich koe hy fierder keatse. Op 5-3:6-2 leit der in lytse keats die Wytmarsum foarby moat. Martijn Hiemstra slacht op mar de bal hellet it perk net en Wytmarsum is troch.
Wommels komt maklik de twadde omloop troch ten koste fan de debutanten op de Jong-Feinte, Hendrik Brandsma, Joey Leeuwen en Anne Wind fan Penjum (Jan, wer wiest do?).

Holwert wint mei 5-0:6-4 fan Reahûs-Turns. St Anne en Goaiïngea meitsje der in spannende striid fan. St Anne stiet 4-3 foar mar Goaiïngea hellet yn en op 5-4:6-2 slacht Sietse de keats foarby.
Wjelsryp wint ek ienfâldich fan Makkum 2 mei 5-1:6-6

Utslaggen 2e omloop
1 Wytmarsum - 3 St. Jacob 5-3:6-2
5 Wommels - 7 Penjum 5-1:6-6
10 St Anne - 12 Goeiïngea 4-5:2-6
14 Reahûs-Turns - 16 Holwert 0-5:4-6
18 Wjelsryp - Makkum 2 5-1:6-6
21 Dronryp - 23 Easterlittens 5-2:6-4
26 Berltsum


Ferslach 1e omloop Jong-Feinte
Fannemoarn gie om 11.00 oere de 4e Jong-Feinte los ûnder lieding fan Johannes Joostema en Durk Houtsma. De grutte skare frijwillihers (sjoch foto) wie der hielendal klear foar.
Fansels wienen de waarsomstannichheden foartreflik, mar wat te sizzen fan de fjilden. Der wienen hast gjin wurden foar, sa moai lei it der by. Dat foel de keatsers fansels ek op, al hienen guon partoeren der gjin foardiel by. En opfallend wie ek dat der al in soad publyk wie by de earste slaggen op dizze 4e Jong-Feinte

Alle trije Eastereinder partoeren kamen de 1e omloop net troch. Nei 5-1 efter tsjin St Jacob waard der ynhelle oante mei 5-5. Yn it lêste earst waard it 6-4 en sloech Pytrik út mar St Jacob sloech werom yn it perk.
Easterein 3 ferlear fan Reahûs Turns. Hja kamen nei 5-1 efter wol werom op 5-3 mar ferlearen dochs.
Easterein 2 stiet goed te keatsen tsjin Feiko en Simon en kamen sels op 5-4 foar. Doe op 5-4:4-6 4 sitballen fan Feiko efter inoar. Op 5-5:6-4 slacht Danny, die derfoar in prachtige sitbal pleatste, de bal foar.

Makkum I ferlear fan St Anne. Mein in blessearre Rienk, in siike Hyltsje en mei Lennart koe de winner fan 2007 it net risse, 3-5±2-6.
Wytmarsum wûn "ienfâldich" fan Boalsert, 5-1:6-4. Wommels wint mei deselde sifers fan Itens en Holwert mei 3-5:4-6 fan Weidum. Nei in spannende partij wint Wjelsryp fan Tsjummearum mei 5-4:6-6

Utslaggen 1e omloop
1 Wytmarsum - 2 Boalsert 5-1:6-4
3 St. Jacob - 4 Easterein 1 5-5:6-4
5 Wommels - 6 Itens 5-1:6-4
7 Penjum - 8 Goutum (Penjum troch om't Goutum har ôfmeld hie)
9 Makkum 1 - 10 St Anne 3-5:2-6
11 Ingelum - 12 Goeiïngea 2-5:6-6
13 Easterein 3 - 14 Reahûs-Turns 3-5:2-6
15 Weidum - 16 Holwert 1-5:4-6
17 Tsjummearum - 18 Wjelsryp 4-5:6-6
19 Makkum 2 - 20 Hartwert 5-3:6-0
21 Dronryp - 22 Wynaam (Dronryp troch om't Wynaam har ôfmeld hie)
23 Easterlittens - 24 Easterein 2 5-5:6-4
25 Rie - 26 Berltsum 1-5:2-6
Foto: Henk Bootsma
Foto: Henk Bootsma
Foto: Henk Bootsma
Foto: Henk Bootsma
terug
Bondsnieuws
NOC*NSF en Olympisch Stadion lanceren lespakket ‘London 2012’
De Olympische Spelen onder de aandacht in het basis-onderwijs

Lees verder

Overig Bondsnieuws
Aanmeldingen start 2e cursus kaatstrainer
Dinsdag 3 april algemene vergadering
Parturen heren 2012
Sportgala Fryslân zet vrijwilliger ook in het zonnetje
1000-ste Facebook volger voor KNKB-account
KNKB-trainingsseizoen gestart
Compleet overzicht
© 2007 KNKBInloggenContactSitemapColofonDisclaimer