contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ op 14 mei

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Rinze van der Veen, Theo Smit, en Ynze Stienstra.

Nei it winterskoft yn de seal hat de 55+ ferline woansdei foar it earst dizze simmer spile op Sonnenborgh, it fjild van LKC út Ljouwert. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 48 keatsers fan de 90 op de list. Der leinen 8 perken op in strak fjild en it wie prachtich moai waar. De lêste partij, fan de partoeren 85 en 86 wie dien om 16.35 oere. Om 16.50 oere hat Piet Bosgraaf de fleisprizen útrikt oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen en om 16.55 oere koenen se wer op hûs oan. Oer 14 dagen geane de 55-plussers op ‘e nei nei Sonnenborgh yn Ljouwert. A-klasse: 1e. Ynze Stienstra, Baaium. 2e. Ale Mosselman, Goutum. 3e. Siep Berkepas, Balk. 4e. Anne Dijkstra, Ljouwert, 5e. Bert de Jong, Ljouwert. B-klasse: 1e. Rinze van der Veen, Koarnjum. 2e. Willem Tamminga, Frjenstjer. 3e. Jelle Goudberg, Frjenstjer. 4e. Jelle Takema, Harns. 5e. Henk Noordbruis, Marsum. 6e. Bart Limburg, Wolvegea C-klasse: 1e. Theo Smit, Frjenstjer. 2e. Ype de Vries, Gytsjerk.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers