contact zoeken wedstrijden

Keatsferiening Easterein begjint seizoen mei in “Traap of”

Op útnoeging fan it haadbestjoer fan de keatsferiening Easterein is al it kader (bestjoersleden, kommisjeleden, trainers, partoerbegelieders en teamlieders) by inoar roppen foar in Traap ôf (yn in oare taal ek wol naam ‘kick-off)’.

Doel fan dizze jûn (18.00-22.00) wie om mei inoar it seizoen te begjinnen, mar ek om ris efkes stil te stean by de keatsferiening Easterein, har kader en har ambysjes. Nei de sop en broadsjes iepene foarsitter Dijkstra de jûn mei in presintaasje oer de keatsferiening Easterein. Derby wurd efkes sjoen nei de histoarje, de ûntwikkelingen fan de lêste 7 jier en der wurde wat kearnsifers sjen litten. Oan it ein fan de presintaasje wienen in oantal stellingen opnaam. Der waard yn trije groepen oer dizze stellingen diskusjearre en dernei waarden de befinings presintearre foar de hiele groep. Der wienen san 25 fan de 50 kaderleden oanwêzich. It wichtichste wat der út kaam wie dat de keatsferiening Easterein oan al har leden oandacht besteegje moat, op hokker nivo der ek sporten wurdt. Besykje om elts op syn eigen nivo traine en keatse te litten. Foar de keatsers die foar it heechste gean wolle moatte der fasiliteiten wêze, mar ek it rekreative keatsen fertsjinnet oandacht. Keatsferiening Easterein hat yn de lêste 7 jier flinke stappen setten nei in folwoeksene en profesjonele organisaasje wer yn elts gefal de kaderleden mei wille en nocht harren frijwilligerswurk útfiere kinne. Sportyf sjoen wienen der de ôfrûne jierren ek mear en gruttere suksessen. It stiet der goed foar allegear. Kearn fan it ferhaal is dat we der yn slagge binne om in moaie organisaasje del te setten mei foar alle leden en kategoryen aktiviteiten en oandacht. Doel fan de takomst is om dit nivo fêst te hâlden en te soargjen dat we kwaliteit jaan bliuwe oan ús leden en ús gasten. It haadbestjoer sil oan de slach mei de útkomsten fan de diskusje en dit oersette yn belied foar de kommende jierren. It giet hinne!

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers