contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ wedstrijden op 27 februari

De 55+ hat ferline woansdei wer in moaie keatsdei hawn yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Sjouke Herrema, Johannes Algra, Jan Feenstra en Gerrit Winkel. De 55+ hat ferline woansdei wer in moaie keatsdei hawn yn de Trije yn Frjenstjer. Om 10.00 oere gong it oan en koenen de earste 54 keatsers fan de 114 op de list begjinne op te slaan of út te slaan. Dizze kear hie de komisje gjin neiwurk mei ûndogense keatsers, sa as twa wike lyn. Doe holden seis keatsers samar op, omdat se it net iens wurde koenen oer in slach. Ja, ja, wat binne se noch fûl somtiden. Dizze kear wienen se útsluten om mei te dwaan. Om 16.30 oere binne de fleisprizen útrikt oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. A-klasse: 1e. Jan Feenstra, Winsum. 2e. Gerrit de Jong, Ysbrechtum. 3e. Geert Hoekstra, De Jouwer. 4e. Eddy van der Lei, Ljouwert. B-klasse: 1e. Gerrit Winkel, Sint Anne. 2e. Jan Boorsma, Menaam. 3e. Joop Wortman, Balk. 4e. Jouke Punter, Wommels. C-klasse: 1e. Sjouke Herrema, Wieringermeer. 2e. Jan Bleeker, Snits. 3e. Siebe van der Zee, Lelystad. D-klasse: 1e. Johannes Algra, Frjenstjer. 2e. Freek Helvrich, Harns. 3e. Louw Herrema, Slappeterp.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers