contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ 19 december

De 55+ hat ferline woensdei (19 desimber) de lêste kear fan 2007 keatst yn de Trije yn Frjenstjer.

Dit kear stienen 120 keatsers op de list en wienen de B-keatsers oan bar om mei earsten gelyk te begjinnen. Tradisjoneel wurde by de lêste partij de frjoulju útnoege. Der wienen tusken de 40 en 50 froulju en se wurden fan 10.30 tot 12.30 oere ûnderhâlden mei blomskikken (in moai blomstik foar de Kryst!) en fan 14.30 tot 16.30 oere koenen se meidwaan oan de Bingo. Tuskentiden koenen se harren man keatsen sjen, mar der wienen ek in oantal frjoulju, dy leaver jild út joegen oan de winkels yn Frjenstjer. Dan kin sa’n dei noch djoer wurde. Nei ôfrin fan it keatsen en priisútrikking wie der in gesellige neisit mei musyk fan ús keatsmaten Evert Heeg en Jan Houwer. Ek treden der noch twa frjoulju op mei “Waai, waai, waai” en as jo goed seagen, dan werkenden jo de keatsers Hans Homminga en Gerrit Winkel. Wietske fan Foppe de Vries dûnse noch mei Jan van der Meer en dernei koenen we mei elkoar stampot ite. It wie in prachtiche ôfslúter fan it jier. Om 17.00 oere rikte Piet Bosgraaf de prizen út. Herman Steneker krige de sulveren bal, omdat hy de ôfslútdei de minste tsjinearsten hie en Cor Binsma ûntfong de wikselpriis en in moaie keatser op in stander as winner fan it klassement yn 2007. De oare priiswinners (trije kear wûn): A-klasse: 1e. Herman Steneker, Ljouwert. 2e. Siete Wassenaar, Minnertsgea. 3e. Minne Soepboer, Hijum. 4e. Evert Heeg, Easterlittens. B-klasse: 1e. Durk Monsma, Mantgum. 2e. Auke Kuiken, Sint Jabik. 3e. Anne Monsma, Marssum. 4e. Henk Noordbruis, Marssum. 5e. Jan Sytsinga, It Hearrenfean. 6e. Freek Kuipers, Drachten. C-klasse: 1e. Sieds van de Berg, Surch. 2e. Pieter Bouma, Joure. 3e. Catrinus Helfrich, Grou. 4e. Siebe van der Zee, Lelystad. 5e. Dirk Wiglema, Joure. D-klasse: 1e. Jelle Kamstra, Ljouwert. 2e. Johannes Algra, Frjenstjer. 3e. Herman Steensma, Snits.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers