contact zoeken wedstrijden

Grut feest en 130 keatsers by de 55+

Op 17 Desimber 2014 wie de grutte dei om it 20-jierrig bestean fan it 55+ keatsen te fieren. D'r wienen 130 keatsers nei Frjentsjer takommen en dat net allinnich, want 55 froulju wienen de moarns oan it blomskikken, 46 froulju dienen de middeis mei oan de Bingo en nei dit alles bleaunen sa'n 190 minsken te iten foar it Sinees buffet. Ek âld 55+keatsers wienen útnoege. Piet Keizer hie lotte en Foppe de Vries die de wedstrydlieding. It begong de moarns om 9.30 oere en de partoeren 123 en 124 moasten ophâlde om 17.00 oere op de stân 5-5 (0-0).

Ek âld 55+keatsers wienen útnoege. Piet Keizer hie lotte en Foppe de Vries die de wedstrydlieding. It begong de moarns om 9.30 oere en de partoeren 123 en 124 moasten ophâlde om 17.00 oere op de stân 5-5 (0-0).

Sjirk Overal hat it oprêden en hat krek lyk as yn 2012 it klassemint wûn. Piet Bosgraaf rikte om 17.15 oere de rollades út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen. Oer 3 wike op 7 Jannewaris, geane de 55-plussers wer nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse: 1. Piet de Groot, Mullum. 2. Jan Feentra, Winsum. 3. Oeds de Roos, Menaam. 4. Piet Stellingwerf, Harns. 5. Ieme de Haan, Makkum. 6. Jan de Jong, Menaam (20-8). 7. Jan Houwer, Boalsert (20-9). 8. Johan van der Veen, Oentsjerk (20-11).
B-klasse: 1. Jan de Ridder, Tolbert. 2. Auke Althof, Doanjum. 3. Bart Limburg, Wolvegea. 4. Anne Dijkstra, Ljouwert. 5. Douwe Broersma, Mullum. 6. Alle Jongsma, Goutum. 7. Henk Werkhoven, Gytsjerk. 8. Wim Jousma, Tytsjerk.
C-klasse: 1. Bouke Jousma, Menaam. 2. Pieter Bergsma, Gytsjerk. 3. Sjoerd Feenstra, Dronten. 4. Jolly Dooper, Oentsjerk.
D-klasse: 1. Wiebe van Dijk, Harns.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers