contact zoeken wedstrijden

Al wer folle bak by de 55+ yn de Trije.

Op 10 Desimber wienen wer mear keatsers nei Frjentsjer kommen as de forige kear, want d'r stienen no 114 man op de list. Foppe de Vries wie wer sa fier opknapt, dat hy de wedstrydlieding wer dwaan koe. De partoeren 109 en 112 moasten ophâlde om 16.30 oere op de stân 3-4.

De oplettende lêzer sil tinke: 109 tsjin 112? Ja, dat kaam moai sa út, want by dizze beide partoeren wienen 2 man útfallen. Jaap van der Veen koe net fierder en by partoer 112 wie Wopke Wiersma d'r net, sadat 2 tsjin 2 keatst wurde koe. De partoeren 110 en 111 wienen wol kompleet.

It klassemint bliuwt spannend oan't de lêste dei. Sjirk Overal wûn 2x en is op 53 punten kommen. Jan Feenstra wûn 3x en komt dêrmei op 51. Op 17 Desimber is de lêste wedstryd en falt de beslissing. Piet Bosgraaf rikte om 16.55 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen. Nije wike, op 17 Desimber, geane de 55-plussers foar it lêst dit jier nei de Trije yn Frjentsjer. Tegelyk is it dan feest, fanwegen it 20-jierrig jubileum.

A-klasse: 1. Jan Veenstra, Apeldoorn. 2. Jan Feentra, Winsum. 3. Hielke Braaksma, Emmen. 4. Oeds Broersma, Wytmarsum. 5. Henk Noordbruis, Marsum.
B-klasse: 1. Klaas Meekma, Bontebok. 2. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. 3. Jelle Velsma, Tsjummearum. 4. Gooitzen Roorda, Froubuorren. 5. Jan Bootsma, Wommels (20-9). 6. Lykele Buwalda, Emmen (20-12).
C-klasse: 1. Roel Zijlstra, Menaam. 2. Piet Keizer, St. Anne. 3. Durk Kamstra, Frjentsjer. 4. Bouke Jousma, Menaam. 5. Sjoerd Feenstra, Dronten. 6. Teade de Vries, Frjenstjer. 7. Tom Twerda, Putten.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers