contact zoeken wedstrijden

Folle bak by de 55+ yn de Trije.


De priiswinners mei de krâns, flnr.: Jolly Dooper, Piet Stellingwerf, Wim Jousma en Jan Hoekstra.
(Jo sûnen ek sizze kinne: In seefûgel tusken 3 wâldpiken).

As d'r yn Frjentsjer 108 man op de list steane, dan meie jo wol sprekke fan in folle bak, want dan kinne alle keatsers yn twa kear troch de earste omloop. Yn elk fan de 3 sealen kinne 6 partoeren tagelyk oan de gong om 10.00 oere en as de gong d'r wat yn hôlden wurdt, dan kin it mei op tiid dien wêze. Moai dat Foppe de Vries nei syn heupoperaasje werom wie, sadat hy de moarns de wedstrydlieding dwaan koe. De middeis hat Piet Keizer de wedstrydlieding dien mei stipe fan Piet Bosgraaf, omdat beide Pieten (donkere en wite Piet) sels ek keatsten.

De lêste slach foel om 16.27 oere, dus krekt op tiid. Sjirk Overal wûn 2x en is op 51 punten kommen yn it jierklassemint, mar hy hat no 2 konkurrenten mei 48 punten. Dat binne Gerrit Otter, dy 3x wûn en Jan Feenstra, dy 2x wûn. Mei noch 2 wedstryden te gean is d'r noch neat beslist. Piet Bosgraaf rikte om 16.50 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen. Oer 2 wike, op 10 Desimber, geane de 55-plussers op 'e nij nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse: 1. Piet Stellingwerf, Harns. 2. Oeds de Roos, Menaam. 3. Eddy van der Lei, Ljouwert.
B-klasse: 1. Wim Jousma, Tytsjerk. 2. Gerrit Otter, Goutum. 3. Lammert Miedema, Diemen. 4. Kees Sikkema, Dronten.
C-klasse: 1. Jolly Dooper, Oentsjerk. 2. Tom Twerda, Putten. 3. Oeltsje Velstra, Idaard. 4. Gerard Voogd, Harns.
D-klasse: 1. Jan Hoekstra, Gytsjerk (17-10).

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers