contact zoeken wedstrijden

AV KNKB 20 november (up date)

"Fan herte wolkom op dizze AV fan de KNKB " hiermee opende voorzitter Sipke Saakstra de algemene vergadering van de KNKB. 

hierbij de complete tekst

Fan herte wolkom op dizze AV fan de KNKB.
Yn’t foarste plak:
- de leden, de ferienings 
- de federaasjes
- de kaderleden 
- de eareleden fan de KNKB
- de leden en de ereleden fan de KPC 
- de hear de Boer (ek trouwe besiker fan ús AV’s) 
- en fansels ek de parse
- en oare belangstellenden

Bliid dat jimme der allegearre wer binne.

Der is neat moaier dan yn in iepeningswurd begjinne te kinnen mei hiel moai nijs. En dat hiele moaie nijs is der.
Want, wa hie ea tinke kinnen dat der safolle minsken, bêrn wêse soene dy’ t oardel oere yn’ e rij steane wolle om yn de kunde te kommen mei it keatsen? Net in soad tink ik. Mar dit is wol deeglik bart en guon diene dat sels oan’t twa kear ta. Ferline wike snein barde dat yn Utrecht by in manifestaasje fan ‘Andere Spelen’ fan fersekeringsmaatskippij ASR. Itselde bedriuw dat sokke moaie reklamespotsjes makke hat wer at it keatsen ek sa moai yn foarkomt.

Oar moai nijs is dat wy it ôfrûne seizoen noch nea safolle froulju oan it keatsen sjoen hawwe. Frijwol elk wykein mear as 20 partoer. Ek by de jeugdkategorien wie der in poerbêste dielname oan de ferskate wedstriden. Yn alle petearen oer it keatsen wurdt dit wolris fergetten!

Fansels ek de wrâldtitel dy’t Marike Beckers en Miranda Scheffer yn Valencia behelle hawwe mei it One Wall Handball is geweldich moai nijs! Yn it hol fan de liuw sa’n fantastyske prestaasje delsette is super. Ek in geweldich moai moment foar it One Wall keatsen hjir yn Fryslan.

Fierders hawwe wy ek noch moai nijs te melden oer de fuortsetting fan it kontrakt mei ús haadsponsor en de gearstalling fan it haadbestjoer. Mar dêroer fierder mear.

Want der wie de ôfrûne tiid noch mear nijs, oar nijs.
Yn oktober kamen der in ynienen samar in oantal brieven op ús ta, mei de nedige oare publikaasjes dêromhinne en dêr wol ik, njonken de brief dy’ t wy jimme al stjoerd hawwe, dochs noch efkes by stil stean.

Neidat wy yn 2012 in protte tiid en enerzjy stutsen hawwe yn it tariden fan it mearjierrich beliedsplan 2013-2017 troch u.o. roadshows te hâlden foar ferienings, federaasjes, kader, stakeholders en oare belangstellenden, binne wy in 2013 útein setten mei de realisaasje fan dit plan. Dit plan dat yn de neijiersgearkomste fan 2012 unanym oannommen is troch de AV. Dit plan beskriuwt in heldere fisy op it keatsen en in heldere koers foar de jierren oant 2017.
Ûnderdiel fan dit plan is u.o it oantreklikker meitsjen fan it keatsen foar parse en publyk. En foar alle dúdlikheid, dan giet it benammen of oars sein allinich mar oer manlju’s haadklasse keatsen.
Yn 2013 binne wy útein setten mei it stap foar stap oanpakken fan dit tige wichtige ûnderdiel fan it keatsen. Wy hawwe dat doe ek sa oankundige yn de neijiers-AV, wêrby wy ús yn 2014 earst rochtsje soene op de want en nei ôfrin fan dat seizoen soene we dizze oanpak evaluearje en as dat noadich wie, dan soene wy fierdere stappen ûndernimme.

Sa is it ek útfiert en it resultaat is en wie dat wy net tefreden binne. Wy net en jimme ek net, sa die bliken tidens de evaluaasje jûnen yn Easterein en Sint Anne. Derom hawwe wy de folgjende stappen foar 2015 al oankundige, wy hawwe dat op it ledenberie u.o. al mei jimme kommunisearre en wy hawwe der doe gelyk by sein dat as it moat, dit yn 2016 en de jierren dernei in ferfolch krije sil. It is in proses fan útprebearjen, werby jo net samar 1000 nije ballen meitsje litte sûnder dat jo witte wat it effekt op lange termyn is. Jo kinne keatsers net samar midden yn it seizoen in nije want oanskaffe litte. Jo kinne net samar in haadklasse partij brûke om fan alles en noch wat út te prebearjen.Yn it ferline hawwe wy dêr gjin goeie erfarings mei opdyn. Dit alles freget tiid, want jo binne samar wer in seizoen fierder.

Ik tink dat der yn al die jierren dat de nap ter diskusje stiet en dat is sûnt 1979, 35 jier lyn, der noch nea sa goed mei in plan en yn fases wurke is oan it oanpakken fan dit probleem.
Want yn al die jierren wurde altyd al keatst mei ferkeart en ûngelikens materiaal, net oars as no, mei oare wurden, dat is echt net fan de lêste jierren. Wat dat oanbelanget kin ik jim noch wol moaie foarbylden melde út de perioade dat ik sels noch aktyf wie as keatser yn de 80’er jierren. En yn al die 35 jier binne wy der noch net goed yn slagge om hjir it goeie antwurd by te betinken.

Ik tink dat it moment dat dit ta it ferline heart, mei dizze oanpak, hieltiid tichterby komt.

De publikaasjes hjiroer hawwe ús dan eins ek wol wat fernúvere. Wylst wy gericht, mei in plan, mei in gedachte, drok dwaande binne dit probleem oan te pakken, wurdt de yndruk wekt dat der net safolle bard. ‘It is allegear net sa fruchtber’ wurdt der dan sein. Dat stikelt, dat meie jimme rêstich witte.
Nei ús betinkst hawwe de betinkers en skriuwers fan dizze stikken net altyd goed opletten. En ja, dat jildt ek foar de Keninklike PC.

Lit onferlet dat ek direksje en haadbestjoer fan de KNKB fan miening binne dat der wat barre moat en dat it ek allegear wat flotter moat. Op dat stuit fan saken binne wy it dus ek iens mei de minsken en partijen dy’t dêroer brieven skreaun hawwe en wat yn de media sein hawwe. Om dêr mear aksje en faasje yn te krijen wolle wy in Projektlieder Innofaasje oanstelle foar de kommende twa jier. Dizze Projektlieder moat him of har folslein dwaande hâlde mei de fernijingen of feroaringen dy’ t nedich binne. Hy of sy moat de katalysator wurde om de ambysjes en plannen op in realistyske wize yn te fieren. Mar wol mei de nedige faasje.

Foar de rop om in Raad van Mandaat fan Jan Willmen van Beem jildt eins itselde as wat ik sein haw oer de nap en it spulbyld. Yn de meidielings kom ik dêr straks wol op werom.


Wat ús as direksje en haadbestjoer yn al dit soarte fan saken opfalt, is dat plannen en ôfspraken dy’t wy hjir yn dizze AV mei-inoar makke hawwe, blykber net altyd foar eltsenien dúdlik binne of goed hingjen bliuwe. Of miskien kriget elts ek wol net alles mei wat der besprutsen wurdt. Of miskien hat eltsenien har der ek wol net goed genôch yn ferdjippe. Alles kin, we binne minsken meiinoar.

De ferwachtings binne dêrtroch miskien oer en wer wol net altyd itselde.

Wat hjir yn elts gefal ûnder leit is kommunikaasje. Wat hjir op de AV of in oare kear op it ledenberie besprutsen wurdt, komt blykber net altyd goed oer, wurdt wolris op in oare wize útlein. By kommunikaasje heart in sender en in ûntfanger en op die lijn wol it noch wolris mis gean. Ik merk dat ek wolris lâns de fjilden of as ik op in AV fan in ferieniging kom. Mar ek tidens de evaluaasje jûnen yn Easterein en Sint Anne kaam dit sa no en dan ek wol hiel dúdlik nei foaren. En fansels, yn de rol fan sender sille wy as KNKB de plank ek wolris misse, it net goed oerbringe.

Dat moat oars.

Wat wy as KNKB as earste dien hawwe is it yn it libben roppe fan in ‘klankbordgroep’, mei deryn foarsitters fan lytse en grutte ferienings, mar ek de KPC. Doel dêrfan is om lûden, plannen en ôfspraken nochris meiinoar troch te praten en te hearen as alles noch wol giet neffens it doel. Dat wy dan dizze plannen, oanpassingen of ûntwikkelingen dan foaral ek mei-inoar nei bûten ta útdrage en sa nedich taljochtsje om misfettings foar te kommen.

As twadde komme wy ynkoarten mei in nijsbrief wêryn ûntwikkelingen, belied, eftergrûnen fan it belied, ôfspraken, it proses wêr wy mei dwaande binne en sa oan de oarder komme, mar ek beslúten út de HB-fergaderingen.

Mei dizze aksjes hoopje wy keatsers, pyblyk, kader en ferienings mear ynsicht te jaan en better op’ e hichte te bringen fan de dingen wêr wy mei dwaande binne. En harren dêrmei oan de KNKB te binen en te ferbinen. Dit wie in hiele goeie tip dy’ t út de evaluaasje-jûnen kommen is.

Oan de ein fan it iepeningswurd kin ik jim melde dat de krusiale funksjes yn it HB foar de kommende jierren wer beset binne mei hjoeddeistige HB-leden en kandidaten foar it HB, nammentlik:
- Wigle Sinnema as kandidaat foarsitter,
- Alida Breeuwsma wurdt de nije ponghâlder
- Tjeerd Dijkstra bliuwt fise-foarsitter mei as portefeuilles techn.saken en wedstriidsaken
- Johannes Siegersma as kandidaat HB-lid foar it One-Wall keatsen en de portefeuille techn.saken
- Foar de portefeuilles PR/Marketing en Ferienings en Federaasjes bliuwe wy of geane wy op syk nei kandidaten.


Minsken wy geane oan de slach. We wolle jimme graach fierder byprate oer it ien en oar.
Ik winskje ús allegearre in goeie fergadering.
Hjirmei is de fergadering iepene.

Sipke Saakstra,
Foarsitter KNKB

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers