contact zoeken wedstrijden

De 55+ gong 3x frjemd. No werom op Sonnenborgh.

D'r wienen 78 keatsers nei Ljouwert takommen en om 10.00 oere koe it oangean mei in moaie keatsdei.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Wybe Idema, Tom Zuiderhof en Sikke Koster. 

Op Sonnenborgh leinen 8 perken yn 2 fjilden en it waar foel ek tige ta, want it wie licht bewolkt en om en naby 19 graden. Piet Keizer hie wer lotte en Foppe de Vries die de wedstrydlieding. Foppe kin him d'r aardich mei rêde en dat moat ek wol, want d'r komme ferskate keatsers by Foppe, omdat se oars lotte hawwe woenen mei bettere maten. It is fansels hartstikke dreech om it elts nei de sin te meitsjen.
De lêste slach foel om 15.40 oere by de partoeren 71 en 72, dy tige spannend keatsten. Hjir keatsten Sjoerd Feenstra en Martinus van der Meer tsjin Lieuwe Meijer en Anne Sybesma. De beslissing foel pas op de stân 5-5 (6-6), doe Sjoerd fan partoer 71 oan de opslach wie mei in keats fan 18 meter. Hy brocht de bal foaryn by Anne en dy sloech mis. Op 9 july op Sonnenborgh foel de lêste slach ek by deselde stân en doe koe Anne Sybesma in sitbal pleatse. Beide keren hat de opslager mei in tûke bal de partij beslist.

Piet Bosgraaf rikte om 15.55 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen. Oer fjirtjin dagen, op 27 augustus geane de 55-plussers op 'e nij nei Sonnenborgh yn Ljouwert. It klassemint bliuwt tige spannend, want 3 fan de fjouwer koprinners woenen 2x en hawwe no 34 punten. Auke Kuiken hie dêr 17 wedstryden foar nedich en is dus earste. Sjirk Overal is twadde (34 út 18) en Jan Feenstra is tredde (34 út 19). Bert Veldman foel no út de kopgroep wei, want mei wat mindere maten koe hy no net 1x winne.

A-klasse: 1. Sikke Koster, Dokkum. 2. Siete Wassenaar, Minnertsgea.
B-klasse: 1. Wybe Idema, Gytsjerk. 2. Piet Keizer, St. Anne. 3. Jan Meijer, Hurdegaryp. 4. Gerrit Otter, Goutum.
C-klasse: 1. Tom Zuiderhof, Harns. 2. Oeltsje Velstra, Idaerd. 3. Guus de Vries, Ljouwert.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers