contact zoeken wedstrijden

De 55+ stie stil by Janny Zijlstra.

Op 12 febrewaris 2014 war yn de Trije yn Frjentsjer earst in minuut stilte hôlden by it ferstjerren fan Janny Zijlstra op 5 febrewaris.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Henk Noordbruis, Auke Kuiken, Andries Engbrenghof en Sjoerd Feenstra.
Sy hat 15 jier "Lief en Leed" fersoarge foar de 55+ en hie de deis foar it keatsen 71 jier wurde kinnen. D'r stienen 40 partoeren op de list en om en naby 10.00 oere begongen de earste 54 keatsers (18 partoeren). Fanwegen de grutte dielname hie Piet Keizer no wer in D-klasse d'rby lotte.
De partoeren 107, 108, 117, 118, 119 en 120 moasten om 16.30 oere ophâlde, wylst sy noch net 6 earsten hienen. Dat komt fansels, omdat d'r letter begûn wurdt en fanwegen de grutte dielname. Dan komt d'r ek noch by, dat d'r keatsers binne, dy opslein hawwe en wer nei it perk ta moatte en dan de mof noch fan de boppe helje moatte.
Om 17.00 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer 2 wiken, op 26 febrewaris, geane de 55-plussers op 'e nij nei de Trije.

A-klasse: 1. Henk Noordbruis, Marsum 2. Andries Idzerda, Goutum. 3. Kees Sikkema, Dronten. 4. Durk van der Schaaf, Stiens. 5. Jan Feenstra, Winsum.
B-klasse: 1. Auke Kuiken, St. Jabik. 2. Jan Spoelstra, Frjentsjer. 3. Wieger Boonstra, It Hearrenfean. 4. Siep Berkepas, Balk. 5. Andries Gillebaard, It Hearrenfean. 6. Jelle de Haan, St. Anne. 7. Wopke Wiersma, Dokkum.
C-klasse: 1. Sjoerd Feenstra, Dronten. 2. Martinus van der Meer, Wytmarsum. 3. Bouke Jousma, Menaam. 4. Oeltsje Velstra, Idaard.
D-klasse: 1. Andries Engbrenghof, Frjentsjer. 2. Cathrinus Helfrich, Grou. 3. Hein Nijdam, Frjentsjer. 4. Hendrik Weiland, Koarnjum.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers