contact zoeken wedstrijden

By de 55+ stienen 2 man yn it perk fan 175 jier!

D’r wienen 108 keatsers nei de Trije yn Frjentsjer takommen en de helte (54) koe om 10.00 oere begjinne. De âldste dielnimmers wienen yn harren lêste partij maten en keatsten noch tige spannend, want op 5-5 (6-6) moasten sy pas belies jaan. Willem van der Meulen is op 1 novimber 89 jier wurden en Sipke Wiersma hoopt op 20 desimber 86 jier te wurden. Sy steane op de foto tegearre yn it perk

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Jelle de Haan, Jan Wagenaar, Ale Mosselman en Piet Keizer.

De lêste slach foel om 16.10 oere by de partoeren 107 en 108. Op de stân 5-5 (4-4) moast Jan Bootsma fan partoer 107 opslaan. De earste bal brocht hy djip efteryn, sawat tsjin de kwea oan. Dat wie in sitbal en de oare koe Jan Spoelstra efteryn ek net ferwurkje, sadat partoer 107 wûn.

Grutte feroaringen yn it klassemint. Bert de Jong wûn 2x en hat no op it earste plak selsskip krigen fan Oeds Broersma, dy 3x wûn. Sy hawwe no 39 punten. Op it tredde plak steane Hilbrand Schuurmans en Wim Jousma mei 38 punten.
Om 16.40 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hawwe. Oer 14 dagen, op 20 november, geane de 55plussers op ‘e nei nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse : 1. Ale Mosselman, Goutum. 2. Oeds Broersma, Wytmarsum. 3. Jan Veenstra, Apeldoorn. 4. Evert Heeg, Easterlittens.
B-klasse: 1. Jelle de Haan, St. Anne. 2. Germ Hallema, Jorwert. 3. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. 4. Sjirk Overal, Oldenbroek.. 5. Dirk Wiersma, Marsum.
C-klasse: 1. Piet Keizer, St. Anne. 2. Jan de Ridder, Stynsgea. 3. Marten Bergsma, Reduzum. 4. Anne Monsma, Marsum. 5. Durk Kamstra, Frjentsjer. 6. Oeltsje Velstra, Idaerd.
D-klasse: 1. Jan Wagenaar, Winsum. 2. Dirk Wiglema, De Jouwer (20-14).

WillemvdMeulenSipkeWiersma

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers