contact zoeken wedstrijden

De 55+ wer goed op dreef yn de Trije yn Frjentsjer..

Ype de Vries wie op 13 oktober ferstoarn en derom war no op 23 oktober earst in minuut stilte holden yn de seal.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Wim Jousma, Bert de Jong en Jan de Jong.

Dernei koenen 54 manlju om 10.10 oere begjinne te keatsen. De oare 36 man moasten wachtsje oan’t d’r wer in perk frij kaam, mar dat is net sa dreech, want men kin altyd wol blokje rinne as in tillegraaf byhâlde. It foel trouwens op, dat it hieltyd mear muoite kostet om it blokjerinnen en de tillegrafen beset te krijen. Yn de earste partij soe Reinder Koops út Emmen efter in bal oan en stroffele oer syn eigen fuotten, sadat hy op syn heup telânne kaam. Letter die yn it sikehûs bliken, dat hy de heup brutsen hat. Dizze winner fan de krâns op 18 septimber sil wol in skoft út rûlaasje wêze.
De lêste slach foel om 16.00 oere by de partoeren 85 en 86. It wie earst 2-5, mar partoer 85 kaam bêst werom en helle op nei 5-5 (4-2). Op dy stân sloech Monte Hallema fan partoer 85 op, mar de earste 2 wienen bûten en dernei kaam in keats fan 10 meter te lizzen. Op de stân (4-6) moast Wiebe Visser fan partoer 86 opslaan en hy brocht de bal efteryn by Tjeerd Bouma, mar it wie ferrekte jammer dat de bal boppe-yn tsjin de spanten oan kaam, want oars wie de bal fier boppe de tribune telâne kaam. No wûn partoer 86 dus dochs noch.

D’r binne no 3 lieders fan it klassemint. Bert de Jong en Wim Jousma hawwe 3x wûn en kamen neist Hilbrand Schuurmans ek op 37 punten út 21 wedstryden, omdat Hilbrand net 1x wist te winnen. Om 16.25 oere rikte Foppe de Vries de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hawwe. Oer 14 dagen, op 6 november, geane de 55plussers op ‘e nei nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse : 1. Bertus de Jong, Ljouwert. 2. Eddy van der Lei, Ljouwert. 3. Piet Stellingwerf, Harns (20-11). 4. Wiebe Visser, Ljouwert (20-16). 5. Jan Buitenga, St. Nyk (20-15).
B-klasse: 1. Wim Jousma, Tytsjerk. 2. Germ Hallema, Jorwert. 3. Henk Noordbruis, Marsum. 4. Jan Bootsma, Wommels.. 5. Piet Zijlstra, Frjentsjer. 6. Anne Kramer, Snits (20-11).
C-klasse: 1. Jan de Jong, Dronryp. 2. Bouke Jousma, Menaam. 3. Albert Dijkstra, Harns. 4. Lieuwe Meyer, Minnertsgea. 5. Tom Twerda, Putten. 6. Jan de Ridder, Stynsgea

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers