contact zoeken wedstrijden

Keatsen op de Easterdyk fan Snits

De Easterdyk fan Snits is snein 29 septimber wer it decor fan it ‘Iepen Snitser kampioenskip strjitkeatsen foar pearkes’.

Eltsenien kin meidwaan oan dizze strjitkeatspartij dy’t om 12.00 oere begjint. Der sil keats wurde yn in 2-tal klassen. Der wurdt, sa as dat heard by strjitkeatsen, keatst mei in grutte sachte bal. In mof is dus net nedich en elts kin meidwaan.

De earste pearkes ha har al oanmeld. Steltsjes dy’t ek graach meikeatse wolle, kinne har opjaan kin by kafee it Skûtsje (0515 418 742) of by Wiljo Sijbrandij (wiljo_wiljo@hotmail.com). Fanút kafee it Skûtsje wurdt de wedstriid byhâlden en hjir fynt ek nei ôfrin de priisútrikking plak.
Eartiids waard der yn Snits omraak keatst en ek op strjitte. De drokste winkelstrjitte fan de Súdwesthoeke: De Easterdyk is foar it fiifde jier op' e rige hjir it toniel foar.

Ferline jier kamen der 37 pearkes yn ‘e krite. Ferskate toppers út it Fryske spul hawwe har al oanmelden. Dúdlik is dus dat dit in unyk evenemint is dat gjinien dy't fan keatsen hâldt, misse mei!
Kreklyk as ferline jier is der in spesjale priis foar de moaiste/aparte ferstrûpe persoan of pearke. In titel dy't eltsenien winne wol!

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers