contact zoeken wedstrijden

De 55+ hie in moai begjin fan it simmerskoft.

It wie op 15 maaie wer de earste kear foar de 55+ fan dit simmerskoft op Sonnenborgh yn Ljouwert. It wie noch gjin simmer, mar útsein in pear drippen (bangmakkers) is it droechbleaun. Mei in temperatuur fan om en naby de 15 graden en net folle wyn wie it in stik better as ferline jier.

Foto: De priiswinners mei de krâns, flnr.: Piet de Groot, Auke Althof en Sjoerd Nicolai.

Doe hienen de 72 keatsers sa’n 10 graden en in hurde noardwestenwyn. No wienen 94 keatsers del kommen en dat is fansels in moai oantal foar it keatsen op it fjild. Anne Brouwer en Arend de Schiffart fan Wommels en Gerard Roosjen fan Ljouwert wienen d’r nij by. In oantal frijwilligers fan LKC hienen it goed fersoarge mei 8 perken yn 2 fjilden, sadat om 10.00 oere de earste 48 keatsers fan de list begjinne koenen.

De partoeren 95 en 96 wienen dien om 16.40 oere. Op de stân 4-5 (6-6) miste opslager Willem van der Meulen (88) fan partoer 95 it perk, sadat Theo Smit moai noch yn de prizen foel. Klassemintslieder Joop Wortman wûn hjoed 3x en die goeie saken mei 3 punten d’rby. Om 16.55 rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer twa wiken op 29 maaie 2013 geane de 55plussers op ‘e nij nei it fjild fan Sonnenborgh.
A-klasse : 1. Piet de Groot, Mullum. 2. Bouwe van der Veer, Winsum. 3. Ale Mosselman, Goutum.
B-klasse: 1. Auke Althof, Doanjum. 2. Sjirk Overal, Oldenbroek. 3. Piet Bierma, Dronten. 4. Henk Werkhoven, Gytskerk 5. Anne Brouwer, Wommels. 6. Joop Wortman, De Jouwer.
C-klasse: 1. Sjoerd Nicolai, Wytmarsum. 2. Guus de Vries, Ljouwert. 3. Jan Hoekstra, Gytsjerk. 4. Martinus van der Meer, Wytmarsum. 5. Theo Smit, Frjentsjer.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers