contact zoeken wedstrijden

De 55+ ha it winterskoft ôfsletten yn Frjentsjer.

Op 10 april wienen foar de tredde kear efterien wer 108 keatsers fan de 55+ ôfsetten nei de Trije yn Frjentsjer. Om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers fan de list.

De priiswinners mei de krans, flnr.: Bouke Jousma, Piet de Groot, Andries Engbrenghof en Tjerk Jorritsma.

De partoeren 107 en 108 wienen noch krekt op tiid út om 16.26 oere. De betûfte opslager Piet Stellingwerf brocht de hurdrinnende bal foaryn by Johan van der Veen en dêr hie hy gjin fet op, sadat partoer 108 wûn mei 5-4 (6-6). Jouke de Roos fan partoer 108 foel hjirmei ek noch moai yn de pryzen.
Om 16.45 oere rikten Piet Keizer en Foppe de Vries de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen.

Oer 5 wiken, op 15 maaie 2013, begjinne de 55plussers mei it programma fan it simmerskoft en dat sil heve op Sonnenborgh yn Ljouwert.

A-klasse : 1. Piet de Groot, Mullum. 2. Jurjen Tiesnitch, Westhoek. 3. Andries Idzerda, Goutum. 4. Klaas Postma, It Hearrenfean. 5. Jouke de Roos, Luttelgeest.
B-klasse: 1. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. 2. Jelle Goudberg, Frjentsjer. 3. Joop Wortman, De Jouwer. 4. Sjirk Overal, Oldenbroek. 5. Eeltsje Wiersma, Berltsum . 6. Wim Jousma, Tytsjerk (20-11).
C-klasse: 1. Bouke Jousma, Menaam. 2. Marten Bergsma, Reduzum. 3. Pieter Bouma, De Jouwer. 4. Dirk Wiglema, De Jouwer.
D-klasse: 1. Andries Engbrenghof, Frjentsjer.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers