contact zoeken wedstrijden

De 55+ hie wer in soad animo yn Frjentsjer.

Op 27 febrewaris war earst in minuut stilte hôlden by it ferstjerren fan Albert Dijkstra út Gytsjerk. Hy is 82 jier wurden en wie altyd in troue keatser by it 55+. Yn 2012 hat hy noch 1x mei dwaan kinnen.

De priiswinners mei de krans, flnr.: Hillebrand Schuurmans, Gerrit Winkel, Jan Buitenga en Heinz Palsma.

Dernei koe it om 10.00 oere oangean yn de Trije mei de earste 54 keatsers fan de list fan 114. Foppe de Vries die wer de wedstrydlieding en Minne Soepboer kin dan moai meikeatse. Piet Keizer fan de Kommisje keatst ek altyd mei en hie de lotting wer moai foar elkoar, sa wy dat fan him wend binne. No hie hy 10 partoeren yn de A, 12 yn de B, 10 yn de C en 6 yn de D.
De partoeren 111 en 112 moasten om 16.30 oere (de eintiid) ophâlde by de stân 4-4 (6-2) en de partoeren 113 en 114 by de stân fan 3-4 (4-6). Om 16.50 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen. Oer 2 wike, op 13 maart 2013 geane de 55plussers wer nei de Trije yn Frjentsjer.
A-klasse : 1. Jan Buitenga, St. Nyk. 2. Oeds de Roos, Menaam. 3. Ynze Stienstra, Baaium. 4. Johan van der Veen, Oentskerk.
B-klasse: 1. Gerrit Winkel, St. Anne. 2. Wim Jousma, Tytsjerk. 3. Kees Sikkema, Dronten. 4. Auke Althof, Doanjum. 5. Daam van der Leij, Dronryp (20-8). 6. Rein Seerden, Snits (20-15).
C-klasse: 1. Hilbrand Schuurmans, Boalsert. 2. Rinze van der Veen, Koarnjum.
D-klasse: 1. Heinz Palsma, Seisbierrum. 2. Hein Nijdam, Frjentsjer.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers