contact zoeken wedstrijden

By de 55+ war keatst, stamppot iten en de froulju makken in blomstik.

De froulju setten om 10.30 oere útein mei blomskikkerij ûnder de kundige lieding fan de susters Jannie Bakker en Wytske Nutma (de frou fan Foppe). Om 12.00 oere wie it resultaat, dat alle 23 froulju mei de Krystdagen in prachtich blomstik op tafel sette kinne.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Lieuwe Meijer, Heinz Palsma, Wim Jousma en Oeds de Roos.

Op 19 desimber koe it om 10.00 oere oangean yn de Trije yn Frjentsjer mei de earste 54 keatsers fan de list fan 114. De wedstrydlieding wie wer yn de fertroude hânnen fan Minne Soepboer. Sa no en dan sprong Piet Keizer him by. Nei syn slimme sykte wie Foppe de Vries de moarns foar it earst ek wer oanwêzich en ek moai wie, dat keatsers dy al lang út de rûlaasje binne, op sa’n dei efkes lâns komme, sa as Herman Steneker, Jan Bleeker, Wim Bosklopper en âld Kommisjelid Henk Seerden. Om 16.30 oere foel de lêste slach by de partoeren 113 en 114. Op de stân 4-4 (0-0) sloeg Jelle Goudberg fan partoer 114 de bal kwea, sadat partoer 114 wûn en Leendert Terpstra dêrmei trije kear.
De einstân fan de kompetysje 2012 soe dizze dei bepaald wurde. Sjirk Overal stie it grutste part fan dit jier boppe oan en lei 3 punten foar op Sjoerd Nicolai, dy 45 punten hie. Sjirk hie de grutte pech, dat hy ferline wike fan de trep foel en syn skynbonke iepen kaam te lizzen, sadat hy ôfsizze moast. Sjoerd Nicolai moast no 3x winne om Sjirk by te heljen en dan wie Sjoerd syn posityf saldo (earsten foar minus tsjin) heger as fan Sjirk. Mar Sjoerd hie syn dei net en ferlear 3x. Auke Kuiken kaam op 45 punten, want hy wûn 3x en helle dermei Sjoerd by. Op plak 4 en 5 kamen Oeds Broersma en Wim Jousma mei 43 punten.
Om 17.10 oere begon Piet Bosgraaf mei de priisútrikking. Earst krigen ûndersteande winners in rollade en dernei mochten de bêste fiif fan it klassemint nei foaren komme foar in rollade. Sjirk Overal hie it wûn mei 48 punten en ûntfong de wikselpriis en in keatser op in stander. Wim Jousma wie de bêste fan dizze dei en ûntfong de “sulveren bal”.
Nei de priisútrikking gongen de Fryske Shadows los. Us 55+ keatsers Evert Heeg, Johan Bekema en Jan Houwer brochten in bjusterbaarlik moai stik musyk en it wie tige gesellich. D’r waard ek noch dûnse. Om 17.30 oere wie in ûnderbrekking foar de stamppot boerenkoal mei woarst foar de keatsers en meikommen froulju. Om 19.00 oere koe werom sjoen wurde op in moaie dei en dernei gongen de minsken stadich oan nei hûs. Oer 14 dagen, op 2 jannewaris 2013 geane de 55plussers wer nei de Trije yn Frjentsjer.
A-klasse : 1e. Oeds de Roos, Menaam. 2e. Hans Hilarides, St. Jabik. 3e. Frans Postmus, Hitsum. 4e. Wiebe Visser, Ljouwert. 5e. Catrimus Kooistra, Goaiingea.
B-klasse: 1e. Wim Jousma, Tytsjerk. 2e. Monte Hallema, Frjentsjer.. 3e. Auke Althof, Doanjum. 4e. Auke Kuiken, St. Jabik. 5e. Leendert Terpstra, Frjentsjer. 6e. Teake Koster, Harns.
C-klasse: 1e. Lieuwe Meijer, Minnertsgea. 2e. Bouke Jousma, Menaam. 3e. Piet Bosgraaf, Drachten. 4e. Pieter Bouma, De Jouwer.
D-klasse: 1e. Heinz Palsma, Seisbierrum. 2e. Willem van der Meulen, Drachten (88 jier!).

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers