contact zoeken wedstrijden

Wer in moaie keatsdei by de 55+ op Sonnenborgh.

Op 20 juny wienen 72 keatsers nei Ljouwert ta setten. Op twa fjilden leinen 8 perken en om 10.00 oere sette it útein mei de earste 48 keatsers fan de list.

Foto: De priiswinners mei de krâns, flnr.: Hepke Hiemstra, Jan Hoekstra en Daan Groen.



 It wie prachtich keatswaar, mei in temperatuer fan sa’n 20 graden. Minne Soepboer hie de lotting wer dien, fanwegen de fakânsje fan Keizer. Martinus van der Meer en Skelte Poelstra wienen d’r dit jier foar de earste kear wer by nei wat korrupsjes en Jelle Goudberg foar de twadde kear nei syn slim ûngemak ferline jier yn septimber by syn soan yn it Hearrenfean. Hy koe de earm al wer aardich heech krije om de ballen fuort te slaan.
Johan van der Veen wie promoveare nei de A-klasse en koe deryn trije kear winne, mar by de earste partij op 5-5(6-6) hie hy in misslach foaryn it perk. De partoeren 67 en 68 wienen dien om 15.20 oere. Op de stân 5-5 (6-2) moast Gerard Voogd fan partoer 67 opslaan mei in keats fan 20 meter. Foarynse Hendrik Weiland koe de bal mar 10 meter fuort krije, sadat Marten Bergsma fan partoer 67 op trije winstpartijen kaam.
Yn it klassemint wûn Sjirk Overal twa kear en is boppe oan bleaun mei 26 punten. Op it twadde plak is Sjoerd Nicolai kommen mei 23 punten en dan komme trije efterfolgers mei 22 punten.Om 15.45 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer twa wiken, op 4 july 2012, geane de 55plussers wer nei it fjild fan Sonnenborgh yn Ljouwert.
A-klasse : 1e. Hepke Hiemstra, Grou. 2e. Tjeerd Bouma, Ljouwert. 3e. Minne Soepboer, Surhústerfean. 4e. Johan van der Veen, Oentsjerk (20-11).
B-klasse: 1e. Daan Groen, Hallum. 2e. Jouke Punter, Wommels. 3e. Germ Hallema, Jorwert. 4e. Henk Porte, Ljouwert. 5e. Kees Tijssen, Reduzum.
C-klasse: 1e. Jan Hoekstra, Gytsjerk. 2e. Marten Bergsma, Reduzum. 3e. Gerard Voogd, Harns.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers