contact zoeken wedstrijden

KV Wezon De Sterke Earm fiert feest

Yn 1962 waard yn Grins in keatsferiening oprjochten. Dit betsjut dat KV Wezon “De Sterke Earm” dit jier 50 jier bestiet. Om dit te fieren organisearje wy op sneon 16 juny in jubileumwedstriid. Op dizze dei wolle wy mei sawol de keatsers fan doe as de keatsers fan no in prachtige wedstriid keatse.

De jubileumdei sil om 13.00 begjinne mei in troch-elkoar-lotsjen wedstriid. Neist echte Grinzer prizen foar de winners, sille der ek moaie premy’s te fertsjinjen weze. Nei de wedstriid is der gelegenheid om mei elkoar te iten. Ek sil der dan muzyk wêze (fan ???).

Eltsenien – ek sy dy’t (noch) nea lid wienen fan Wezon – is wolkom om mei te dwaan oan dizze wedsriid. Opjefte is yndividueel troch foar freed 8 juny in mailtsje mei namme, achternamme, wenplak en oft jo fan plan binne mei te iten te stjoeren nei .

Kosten:
De ynlis foar de wedstriid is € 5,-. Tsjin in lytse fergoeding kinne jim ek mei ite.

Lokaasje:
It fjild by de Papiermolen: Boutenspad 1, Groningen

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers