contact zoeken wedstrijden

96 manlju te keatsen yn de Trije.

Om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers fan de 96 op de list yn Frjentsjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Lou Herrema, Anne Baarda, Gerrit Winkel en Frans Postmus.

Minne Soepboer hie lotte, want it Kommisjelid Piet Keizer wie noch yn it Sykehûs yn Ljouwert foar in operaasje nei twa omliedingen by it hert. Dit sil barre op 15 febrewaris en hy wurdt in soad sterkte tawinske. Hopelik kin hy aanst wer gou meikeatse.

De partoeren 93 en 94 wienen dien om 15.45 oere. Op de stân 3-5 (0-4) moast Theo Smit fan partoer 93 opslaan mei twa lytse keatsen en elke partij fersulverde in keats, sadat it 2-6 war. Dernei brocht Theo de bal by Bouke Jousma en dy sloeg de bal net sa hurd út, mar as dy dan net keart wurdt, dan rollet de bal fansels boppe en wie de partij út.



Om 16.10 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Twa keatsers hâlde de fleisprizen noch te goede.

Oer twa wiken op 29 febrewaris 2012 geane de 55plussers wer nei de Trije yn Frjentsjer.



A-klasse : 1e. Frans Postmus, Hitsum. 2e. Anne Dijkstra, Ljouwert. 3e. Jan Feenstra, Winsum. 4e. Jurjen Tiesnitch, Westhoek.

B-klasse: 1e. Gerrit Winkel, St. Anne. 2e. Jan Bootsma, Wommels. 3e. Jan Beimers, Dronryp. 4e. Johannes Oudendag, Arum. 5e. Jouke Punter, Wommels.

C-klasse: 1e. Anne Baarda, Menaam. 2e. Rein Seerden, Snits. 3e. Sjirk Overal, Oldenbroek.

D-klasse: 1e. Lou Herrema, Slappeterp. 2e. Andries Engbrenghof, Frjentsjer. 3e. Piet Overberg, Ljouwert. 4e. Jan van der Vlugt, It Hearrenfean.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers