contact zoeken wedstrijden

Keatsskoalle De Greidhoeke set útein

De keatsskoalle De Greidhoeke út Wommels is freedtejûn offisjeel útein setten.

Dat barde yn de kantine fan keatsferiening Wommels. Inisjatyfnimmers fan de keatsskoalle binne Jappie Wijnia en Wichard Deinum. De keatsskoalle falt ûnder de Keatsferiening Wommels. Jappie Wijnia sette it doel fan de keatsskoalle útien. Sprekkers wiene foarsitter Pier Zijlstra fan de KF Wommels en Tjalling van den Berg, bûnscoach fan de KNKB. De keatsskoalle giet mei 64 bern fan start. Earst binne de lessen yn sporthal De Trije yn Frjentsjer, fan heal april ôf op it keatsfjild yn Wommels. De bern krigen allegearre in shirt en jack yn de kleuren fan de keatsskoalle.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers