contact zoeken wedstrijden

Keatse om ierappels, sypels en woartels

De foarsitter stie de moarns al betiid by de doar om elkenien de hân te jaan en it allerbêste foar 2012 te winskjen.

Foto: de priiswinners mei de krâns, flnr.: Jan Hoekstra, Jouke de Roos, Albert Dijkstra en Piet Stellingwerf.

Nei de ynskriuwerij bij Foppe de Vries, it opjaan by Piet Keizer foar 18 jannewaris en in bakje kofje, koe it om 10.00 oere yn de Trije oangean mei de earste 54 keatsers fan de list fan 108. Jan Braaksma fan de webside “kaatsen.nl” wie ek efkes lâns kommen om te sjen hoe de âlde knarren keatsten en de measten kamen nei him ta om him in lokkich 2012 te winskjen.



De partoeren 95 en 96 wienen dien om 16.05 oere. Sy makken it tige spannend, sadat it pas út wie na 5-5 (6-6). Geert Hoekstra fan partoer 96 brocht fanôf de opslach de bal efteryn by Jan Feenstra en dy sloeg net sa bêst út, sadat Geert de bal werom slaan koe, mar ek net bêst. Wiebe Visser sei tank je wol en koe de bal nei de stuit nei de boppe slaan wer Andries Idzerda de bal krekt net kearde, sadat partoer 95 wûn



Om 16.35 oere makke Piet Bosgraaf de priiswinners bekend, dy trije kear wûn hienen en sy koenen ûnder by Foppe de Vries harren priis, in sek ierdappels, sypels en woartels ophelje, beskikber stelt troch Hans Hilarides en Jacobus van der Wal, beiden fan Sint Jabik.. Mei yngong fan 2012 krije ek de keatsers in priis, dy twa kear wûn hawwe en yn de earste twa partijen ien kear ferlern hawwe mei 5-5 (6-6). D’r wie no net ien by.



Oer 14 dagen, op 18 jannewaris 2012 geane de 55plussers wer nei de Trije yn Frjentsjer.



A-klasse : 1e. Jouke de Roos, Luttelgeest. 2e. Hans Hilarides, St. Jabik. 3e. Siete Wassenaar, Minnertsgea. 4e. Wiebe Visser, Ljouwert.

B-klasse: 1e. Piet Stellingwerf, Harns. 2e. Henk Noordbruis, Marsum. 3e. Jan Bootsma, Wommels. 4e. Oeltsje Velstra, Idaard. 5e. Sybe van der Zee, Lelystêd. C-klasse: 1e. Albert Dijkstra, Harns. 2e. Rein Seerden, Snits. 3e. Jan de Ridder, Stynsgea. 4e. Willem Tamminga, Frjentsjer.

D-klasse: 1e. Jan Hoekstra, Gytsjerk. 2e. Hein Nijdam, Frjentsjer.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers