contact zoeken wedstrijden

Huldiging winnaars Ald Meiers, Easterein

Yn it wykein fan de huldigingen wie yn Easterein freed de huldiging fan de famkes Tineke Dijkstra, Martine Tiemersma, Jelien Pompstra en coach Feite de Haan. Foto/video verslag toe gevoegd

Yn 2010 yn Hallum waard se 2e op it NK foar famkes, doe ferlern fan Stiens, itselde barde yn 2011 yn Mantgum nei ferlies fan Dronryp. Op de Ald-Meiers yn 2010 waard ferlern fan Grou yn de 3e omloop en dus foar alle trije yn 2011 de lêste kâns! Der wienen in soad gasten kaam op de huldiging wêr ek oare priiswinners oandacht krigen foar har prestaasjes. De junioaren fan Easterein wûnen de 3e priis op it NK foar junioaren, 2e priis op it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens, 2e priis op it NK foar 50+, Marije Hiemstra, 3e priis op de Frouljus PC, Easterein wint de Greidhoeke-kompetysje en Dirk Yde Sjaarda wint mei it Nederlânsk team de 3e priis op de Champions League Llargues yn Pamplona. De 2e priis op de Ald-Meiers wie foar Stiens en die wienen ek presint. Nei in moaie ynlieding fan Anco Elgersma wêryn kompliminten foar it partoer fan Stiens, hienen sawol Melissa Hiemstra as bestjoerslid Hans Felkers moaie wurden foar famkes en feriening. De trainers Imke van der Leest en Hille Saakstra krigen de famkes noch efkes yn trainingsbeweging mei in lytse kwis en moaie kado’s. De heiten fan de famkes begelieden de fotopresintaasjes fan de famkes ‘fan pupil oant famke’ mei in praatsje as gedicht. Sipke Saakstra, foarsitter KNKB, hie sawol moaie wurden foar de famkes as foar keatsferiening Easterein, in foarbyldferiening binnen de KNKB. Ek Andre Tolsma, foarsitter fan de oare foarbyldferiening Sjirk de Wal – Dronryp, wie yn Easterein oanwêzich. Foar as de famkes en coach nei foaren komme mochten foar de kado’s en felisitaasje fan de feriening, waard der earst in prachtige fotopresintaasje sjen litten op it grutte skerm. By de ynlieding giet Anco noch efkes yn op it famkes- en frouljuskeatsen yn Easterein. Yn de jierren 1993-1996 stienen Fetsje Schaap en Wietske de Haan op de frouljus PC yn Weidum. Sûnt it jubileum yn 2004 is it famkes en frouljuskeatsen groeit en kinne we faaks trije as mear partoeren op de list sette by in ôfdielingswedstriid. Oan it ein fan de jûn waarden alle priiswinners fan de keatswedstriden yn Easterein op it skerm toant, begelieden troch muzyk. Dernei kaam in tankwurd fan de famkes oan alle minsken die der wienen fannejûn, de âlders, trainers, feriening en fansels oan harren coach Feite de Haan. In prachtige jûn foar in prachtig partoer! De famkes waarden oerladen mei kado’s en moaie wurden. Takom jier yn de dames harren talint fierder ûntwikkelje. Dat komt seker goed!

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers