contact zoeken wedstrijden

De Keatssite Column (18) In Holwerter yn Penjum

“It bestjoer fan kv Jan Reitsma wol jo, as Lid fan Fertsjinste fan ús feriening, fan herte útnoegje dizze dei mei ús te belibjen en te sjen of’t it Kanon fan Holwert ek no wer foar master opslacht.”

Boppesteande is in rigele út it brief dat de keatsferiening fan Penjum oan syn leden fan sponsorgroep “de Bân” stjoerde. It hie alles te krijen mei Gert-Anne van der Bos, dy’t yn 2009 en 2010 de hiele bakkerij omsloech en yn Penjum mei de priis oan’e haal gie. Ferline jier kaam er mei syn partoer op 13 oerwinnings yn totaal. Dit jier koene Gert-Anne, Taeke en Daniël (wêrom yn’e goedichheid de efternammen noch te neamen, dizze mannen binne soks net mear brek) yn’e striid om de Sulveren Tulp de 13e oerwinning fan dit seisoen al pakke. Mei Marsum nije wike is der dus noch gelegenheid de score noch heger te meitsjen. Mar snein 4 septimber dus earst nei Penjum. It kanon fan Holwert die syn namme mear as eare oan. Mei in knoarre sitballen (ik ha se net turve, mar it wiene der moai wat) en noch it iene en oare oan twongen kweaslaggen, of ballen dy’t gewoan praktysk net út it perk te slaan wiene, hie Gert-Anne oan’e ein fan’e dei wer de Sulveren Tulp yn’e hannen. Terjochte. Wát in master oan’e opslach. Mar likegoed ek syn tsjinstanner Jan Dirk de Groot. Hy docht mar amper foar de Holwerter ûnder. Sadwaande wie de finale in lust om nei te sjen. Suver in spektakelstik. It moaie waar spile ek net swak by fansels, mar dochs. Sawol it perkspul fan beide partoeren, as it tuskenspul (ja, sels dat wie der by yn dizze finale, stride om lytse en gruttere keatsen) wie fan beide kanten knap. Dan krije jo dus sa’n partij dy’t yn fiif earsten gelyk eindiget. En no ris net om’t it in flaterfestival fan beide kanten wie. Hulde oan dizze seis keatsers. Mar foaral: hulde oan Kening Gert-Anne. It kanon fan Holwert. Ik wit seker dat syn tsjinstanners guon ballen allinnich mar foarby fluitsjen heard ha. Se sloegen al, mar it it like as meanden se nei in ferfelende mich. De bal wie dan al lang trochsketten. Der wurdt wolris sein dat de opslach it keatsen bedjêrt. Dat der tefolle ‘ramt’ wurdt en te min mei ferdrach keatst. Dat der net mear in bal ‘pleatst’ wurdt en ek net mear in bal ‘del lein’. It mei wier wêze, al seach ik hjoed yn’e finale wol degelik dat der betiden mei de kop keatst waard. En dy opslach? Ja, de opslach is tige bepalend foar it keatsen. Sawol yn positive as yn negative sin. Der binne guon, dy slane in knoarre bûten. Skande. Dan mar wat suniger oan en binnen de linen. Yn is winst, ha wy altyd leard. Mar as jo de opslach sa behearskje as Gert-Anne en Jan Dirk, dan is it in pracht om te sjen. Ek as der sa bot net pleatst wurdt. In Holwerter yn Penjum, it skynt goed te passen. Trije kear op rige de winst. Lokwinske. Martsje de Jong

foto: Henk Bootsma fotografie
foto: Henk Bootsma fotografie

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers