contact zoeken wedstrijden

De Keatssite Column "Noch trije nachtsjes sliepe....." (14)

Is der no wier al wer in jier oan bledsjes fan’e kalinder rûgele? Is it echt al wer in jier lyn, dat ik, en mei my noch tûzenen oaren, oan’e knibbel sta yn’e rek stie op It Sjûkelân? foto: Henk Bootsma fotografie

Ja dus. En wat in ferskil sil it wurde, kommende woansdei. Teminsten, as ik de waarman leauwe mei en wêrom soe ik dat net dwaan. Ferline jier wie ik moarns njoggen oere, of eins al in pear wike earder, wis fan de winner. It kaam ek sa út. Dit jier is ek dat hielendal oars. Ik leau sa noch mar net dat Gert Anne en dy dat wer efkes pakke. Efkes is hjir fansels net goed, want der hat noch nea in partoer ‘efkes’ de PC wûn, mar affijn, jim begripe my wol. Wy ha fan’t jier sjen kinnen dat de mannen der ek wol ôf kinne. En de PC soe de PC net wêze as der net in daverjende ferrassing by siet. Dus sitte wy manmachtich wer klear, woansdeitemoarn. Mar earst de taspraak fansels. En de omgong troch de stêd. En dan de ‘Einzug der Gladiatoren’ op it hillige gêrs. Gêrs, dat der nei myn betinken noch net iens sa min by leit. Dêr hie’k in wike as seis, sân lyn noch net in stoer foar jûn. Kleare bosk wie it. De melten groeiden yn’e himel, in keppel skiep koe der nei myn betinken allinnich noch rêdding bringe. Dochs liket it klear te wêzen. Mei knap waar moat der wol in dei te keatsen wêze en lit dy tongerbuien dan nei achten jûns mar komme, dan kinne se net it measte mear ferbalje. En as dan de gladiatoren ûnder de klanken fan de Intrada binnen komme, dan klappe wy ús de hannen al stikken. Dán al. Woansdei dogge wy dat. Dan klappe en raze wy dat it net moai mear is. Om de skea fan in hiel jier stilsitten yn ien kear yn te heljen. Nuver no, it binne deselden as dêr’t wy al dy oare keatsdagen amper foar fan’e pôlle wolle. Plus fansels noch in achttal oare partoeren, dy’t de list fan 16 partoer fol meitsje. Achttjin hiene har dit jier opjûn. Hie se allegearre mar komme litten. Mar ja, ferskil moat der bliuwe, jo binne drekt gjin PC-keatser. Nei it Intrada it Frysk Folksliet. It Fryske bloed brûst en siedt mear as op oare dagen. It klinkt en daveret fan’e tribunes en banken. De Sentimental Journey is begongen. In net te kearen langst om te libjen, te belibjen en te werlibjen wâllet oer ús hinne. Woansdei is it de dei. Ús dei. Dêr komt gjin minske oan. Ek gjin waarprofeet. Woansdei binne wy in hiele dei lang ûnderdiel fan it sintrum fan’e wrâld. Sa fiel ik dat. En dus klim ik moarns betiid wer nei myn plakje yn’e Bogttribune. En kom ik der jûns sa stiif as in doar wer wei. It hert trillet my no al, as ik der allinnich mar oan tink. Ik bin der klear foar. En dy wite ynstapperkes, dêr’t ik ferline jier fan skreau dat ik se fuortsmite koe, dy kinne woansdei we roan: in nacht yn gleonhyt wetter mei goed wat biotex hat wûnders dien. Oant woansdei! Martsje de Jong

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers