contact zoeken wedstrijden

De Keatssite Column "Froulju en twitter" (11)

Ik sit op twitter. En mei my in hiel soad oaren. Keatsers, keatserinnen, leafhawwers, omstippers, bestjoersleden, frijwilligers, allegearre minsken dy’t no en dan ris besykje om yn 140 tekentsjes in boadskip de wrâld yn te slingerjen.

Wy wurde betiden fan slach oan’t slach bypraat oer it ferrin fan in partij. Foaral mei de Jong Nederlân en de Bond wie it raak. Noflik, want ik koe der net by wêze. Wie wer ris oan it wurk. No ha ik yn’e taksi gjin kompjoeter en dus ek gjin twitter (want ik bin noch net sa fier mei yn ‘de vaart der volkeren’, dat ik al in iPad of in blackberry ha), mar op kantoar, op’e planning, dêr stiet in kompjoeter. Mei ynternet. En dus kin ik no en dan meiprate op twitter. Jûns, as ik thús bin, is it hielendal in aardichheid. Dan komme de felisitaasjes oer en wer. De helemaal super’s, geweldig topper’s en helemaal toppie’s fleane oer it skerm, it is amper by te hâlden. Dat sipelt noch wat troch op moandei en dan komme de earste tweets (berjochtsjes) alwer oer wa’t wêr te trenen giet. Noflik, want jo kinne it spul wat yn’e gaten hâlde. Foaral de froulju binne dêr goed yn. Dy twitterje aktyf, te pas en te ûnpas oer de keatserij. Oer har wedstryd fan juster, de trening fan hjoed en de wedstryd fan moarn. Ik wurd sa ek geregeld bypraat oer skoalkeatsprojekten (want dêr dogge dy froulju in soad oan, dus hulde!) en clinics. En sa fernim ik dus dei yn, dei út, hoe’t it keatsen libbet. Libbet yn’e sin fan ‘hobby’, mar ek libbet yn’e sin fan ‘ek ris wat foar in oar dwaan’. No wit ik net hoe’t it mei de mânlju sit, want dy twitterje sa’t skynt net sa bot, of ik folgje se net, dat soe foar’t selde kinne, mar ik leau net ús mânlju’s keatsers dêr sa aktyf yn binne. Der is in inkeling dy’t op twitter te finen is, mar dy prate oer hurdfytsen, fuotbaljen en foaral: reklame en gadgets. Mar net oer keatsen. Amper. Ik leau ek net dat se dat sa dwaande hâldt en ik leau ek dat dát no krekt it ferskil is mei de froulju. Froulju prate graach oer wat har werklik dwaande hâldt. Dat is net altyd aardich, want men sit der net altyd op te wachtsjen, mar it is wol dúdlik. Frouljuskeatsers twitterje oer keatsen. Punt út. En wolris oer in stapperij, mar dat is ek gauris mei keatsmaten. Frouljuskeatsers fertelle ús fan treningen dy’t se jouwe oan bern. Oan skoalprojekten dy’t se stypje, of mei organiseare. Frouljuskeatsers keatse eins altyd. Dy twitterje: ‘vanaaf lekker trainen met mijn maatjes’. Soks docht in man net. Ik wit net wannear’t dêr treent wurdt en alhielendal of’t se ek sa entûsiast meidogge oan skoalkeatsprojekten. Grif wolris, mar it leit har net sa heech, dat se dat mei in oar diele wolle. Froulju wol. Dy binne entûsiast en litte dat fernimme. Dat is net allinnich op twitter sa, mar ek en foaral op it fjild. Faaks net altyd op’e wize dy’t publyk graach wol, se dogge net lullich tsjin elkoar, skelle en rache net sa gau en skoppe al hielendal net tsjin in boarding oan (dy ha se ek net, mar dêr giet it no net om). Frouljuskeatsen is leuk, want dy froulju fine it sels skitterend. Leau dat no. Gean dêr ris hinne. Woansdei 20 july steane se middeis om healwei fjouweren yn Minnertsgea. De mânlju binne dêr dan ek, dus gjin ekskús om net te kommen. Hinne! Martsje de Jong martsjedejong@gmail.com

Kijk ook op http://www.twitter.com/knkb of http://www.twitter.com/MartsjedeJong

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers