contact zoeken wedstrijden

De Keatssite Column; Doe wie ommers alles better (6)

Hoe sit dat no eins, mei dat keatsen. Is de sport no sa bot feroare de lêste jierren, of binne wy sa yn’e grûn bedoarn mei setten en pretten, dat wy in sljochtweihinne keatspartij net mear wurdearje kinne? foto: kaatshistorie.nl (Hotze Schuil op de PC van 1972)

Al sa lang as it my heucht wurdt der praat fan ‘earder wie it spul folle moaier, doe waard der fólle better keatst’. Dat hearde ik tweintich jier lyn al, doe’t ik noch alle wiken omtrint mei ús mem nei’t keatsen gie en dat hear ik no, no’t ik as redaksjelid fan Wis In de keatsfjilden ôfstreup, nóch alle kearen. Ik jou ta, it binne wol meast deselde minsken, want der komme meastentiids mar oardel man en in hynstekop en teminsten op sneon, mar dy minsken dat binne dan ek wol de ‘die-hards’. Se komme meast al fan jongs ôf oan by it keatsen. Sitte der fol fan en geane ek no noch trou alle wiken hinne. Om it spultsje, om der efkes út te wêzen, mar foaral ek, om by te praten mei dat fêste ploegje kammeraten dat se dan treffe. Ik sit der fansels net altyd op kop en earen by, mar de âldfaders ûnder it keatspublyk meie de hjoeddeistige haadklassers graach spegelje oan’e helden fan alearen. Oan Hotze Schuil, oan Tamme Velstra, oan Sake, Piet Jetze en De Brand. Of oan Wiepy fan Wieren, Johan van Seijst, en wit ik wa al net mear. Dy koene wat, dy mannen. Dat wiene keatsers. Dat wie ek nochris keatsen, wat je doe seagen. Hoe langer lyn, hoe moaier it oantinken. Kleure troch de tiid, de mythefoarming om de keatser dy’t der net mear is, kleure ek troch it ferhaal alle kearen noch krekt efkes moaier op te dissen. Och, de tiden wiene doe oars, it materiaal ek. Hotze Schuil loste moarns earst in skip en rûn dan nei it keatsfjild. Soks is no ûntinkber. No komme de keatsers yn in sponsore auto, yn sponsore klean, mei in sponsore sinnebril op it hier nei it wedstrydterrein. Moarns wurdt der net wurke en jûns tefoaren op’e tiid yn’e fodkoer. Dan earst ris nei de masseur, wat baltsjeferdriuwe, in skoft omklieme en leafst net te gau los en nei it keatsen fuortendaliks wer nei hûs. Neffens de ferhalen bleaune de keatsers eartiids hingjen yn’e biertinte. Dêr stiet my ek noch wol it ien en oar fan by. Dan koene jo as publyk by de keatser komme, seit men. Och, dat kin noch wol, mar de sponsor hâldt grif net fan sûperij yn’e tinte. En moatte de keatsers net in foarbyld wêze foar de jongerein? Eartiids waard der minder boppe slein en mear ‘keatst’. Tsjintwurdich slane se alles fuort, hear ik dan wolris. Rein van der Geest silliger hâldde it allegearre by. It wie net sa’t wy tochten, die wol út syn statistiken bliken. Wat wol bliken docht is dat der in soad ‘direkte winst’, of better, ‘direkt ferlies’ helle wurdt. Opslagers mei in persintaazje fan pak-him-beet 60% binnen de linen, dy litte al hiel wat punten lizze. Perkspilers dy’t fan dy 60% ballen in pear boppe slane en in nustje kwea timmerje, dy ferpartsje dêrmei de punten ek yn ien en deselde slach. Dan bliuwe der mar in hantsjefol keatsen oer. Dat is wier. Mar om dy keatsen te fersulverjen moat keatst wurde. Leafst mei it kopke. In baltsje troch de hoeke, in tric-trac, dat wolle wy graach sjen. Mar dan giet de bal, as dy al yn it perk oankomt, meast wer kwea as boppe en dat fynt it publyk no sa spitich. Fansels, in boppeslach is prachtich, mar men seach leaver helte minder boppeslagen, as se dan mar op seis gelyk falle. Want sa gie it eartiids ommers? Oh nee, dat wie de kleure ferzje. Want fansels waard der alearen ek wol striemin keatst, mar och, der wie folle minder fertier, dat elk gie nei it keatsen. Tsjintwurdich hat elk it drok mei fan alles en noch wat, dat yn it wykein syn beslach krije moat. Dan is der amper mear tiid om nei it keatsen. En as der dan ek noch negatyf oer praat wurdt, troch minsken dy’t sizze, dat it allegearre neat mear is, dan sitte jo ek net te springen om nei it fjild. Dan mar mei de hiele húshâlding nei Ikea. Der binne op’t stuit hiele diskusjes geane, oer hoe’t wy it keatsen wer moai meitsje kinne, sadat der wer mear minsken op ôf komme. Oare wanten, oare ballen, oare ôfmjittings fan it fjild, koartere partijen, der wurdt fan alles betocht om de sjeu fan eartiids werom te bringen. Want sa gek binne wy allegearre wol fan it spultsje: wy wolle it net heal misse. Guon minsken is de moed yn’e skuon sakke. Wol plannen úttocht en mei wiidweidige argumintaasje oanlevere op it plak dêr’t it heart, mar gjin gehoar fûn. Sokke minsken reitsje frustreard, dy reitsje wy kwyt foar de keatserij. As is it allinnich mar, om de diskusje libben te hâlden, want in sport dêr’t net mear oer praat wurdt, dat is it earst in tsjerkhôfsport. En dat wurd ha’k liend, fan in ‘éminence gris’, dy’t it keatsen ek sa nei oan giet. Dy’t de moedfearren ek al hingje litten hat. Harkje. Keatsers, bestjoerders, publyk. Harkje. Sa as alearen wurdt it nea wer, dat wit elk, dat kin nammers ek net, mar jou it keatsen werom oan de minsken. Groetnis, Martsje de Jong

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers