contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ wedstrijden op 22 december 2010

De 55+ sletten 2010 ôf mei stamppot.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Oeds Broersma, Henk Postma, Jouke Punter en Hans Homminga. Henk Postma wûn wer de krâns en stiet no dus wol op de foto. Ofrûne woansdei 22 desimber wienen der 112 keatsers nei Frjenstjer ta set foar de lêste kear dit jier yn de Trije. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 fan de list. De partoeren 113 en 114 wienen dien om 16.30 oere. Op de stân 4-5 (2-6) moast Evert Heeg fan partoer 114 opslaan mei in keats fan 8 meter en brocht de bal efteryn by Eddy van der Lei. Dy sloeg de bal goed út, mar Jan Bruinsma rekte sich flink út en koe de bal werom slaan, sadat partoer 114 wûn. Piet Bosgraaf rikte om 17.15 oere de rollades út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Boppedat rikte de foarsitter de sulveren bal út oan Jouke Punter as bêste fan dizze dei (21 earsten foar en 5 tsjin) en dernei ûntfong Oeds de Roos de wikselpriis as winner fan it klassemint 2010 (368 earsten foar en 258 tsjin, behelle út 21 wedstryden). Johan van der Veen is twadde wurden, krekt lyk as ferline jier en Piet Keizer is tredde wurden. Hjirnei kaam de stamppot op tafel en sa jimme op de foto sjen kinne lieten Eelkje Hilarides en Sjoerdtsje van der Wal harren de boerekoal mei woarst bêst smeitsje. Oer twa wiken, op woansdei (5 jannewaris) geane de 55plussers op ‘e nij nei de Trije yn Frjenstjer. A-klasse : 1e. Oeds Broersma, Wytmarsum. 2e. Jan Veenstra, Apeldoorn. 3e. Jan Bruinsma, It Hearrenfean. 4e. Sikke Koster, Dokkum. B-klasse: 1e. Jouke Punter, Wommels. 2e. Johannes Oudendag, Arum. 3e. Auke Kuiken, Sint Jabik. 4e. Germ Koopmans, Aldtsjerk. 5e. Henk Postma, Frjenstjer. 6e. Leendert Terpstra, Frjenstjer. 7e. Oege Dijkstra, Hijum. C-klasse : 1e. Hans Homminga, De Jouwer. 2e. Bauke Jousma, Menaam. 3e. Sjouke Herrema, Hoorn. D-klasse: 1e. Henk Postma, Marsum.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers